Lêzing Marc van Oostendorp giet net troch!
Resint ferskynd

Martinitsjerke yn Frjentsjer (foto: Wikipedia/Ziko – CC BY-SA 3.0 nl)
De lêzing fan Marc van Oostendorp op woansdei 26 augustus yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer, giet net troch!!!
De lêzing giet oer om’t de sprekker siik is.
Marc van Oostendorp wie fan doel om it net allinnich oer it ferline (Everwinus Wassenbergh) te hawwen, mar ek oer de takomst fan de stúdzje fan it Nederlânsk en fan it Frysk. Dêr soe út soarte syn opfetting oer de rol en taak fan de Fryske Akademy by oan ’e oarder komme. Ut in fraachpetear mei de foarsitter fan de sollisitaasjekommisje op Omrop Fryslân wurdt dúdlik dat de Fryske Akademy wrakselet mei de syktocht nei in nije direkteur-bestjoerder.
Woansdeitemoarn ferskynt in opinystik fan Alex Riemersma oer neamde ûnderwerpen yn ’e Ljouwerter Krante.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje