Koroanatestlokaasje Snits giet nei Drylts

augustus 26, 2020 16:31

Freed 28 augustus nimt GGD Fryslân syn yntrek yn it eardere gemeentehûs oan de Stedsleane yn Drylts om dêr op koroana te testen. Dêr is maklik te kommen en der is genôch pearkeargelegenheid. Der wie ferlet fan in oare lokaasje, omdat de sportseal yn Snits mar oant it nije sportseizoenbeskiber wie.

Fierder hat de GGD testsintra yn Ljouwert (Brandemeer 9) en Drachten (Eikesingel 62). It oanfreegjen kin fia 0800-1202 of fia coronatest.nl. By it oanmelden wurdt besjoen wêr’t immen it bêste hinne kin. Op de Waadeilannen giet it oanfreegjen fia de húsdokter.

augustus 26, 2020 16:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.