Koroanabesmettingen Dokkum ek bûtendoar
Resint ferskynd
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
- Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms 0
- Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde? 0
- Hoe hjit de dei dat alles wer normaal is? 2
Mei de koroanabesmetting yn Dokkum giet it hurd. Freed gie it noch om njoggen persoanen, mar juster wiene it al fjirtjin. GGD Fryslân giet troch mei it boarne- en kontaktûndersyk, mar ferwachtet dat de measten dy’t mei de boarne yn kontakt west hawwe no wol test binne. Der binne minsken yn karantêne set om fierdere fersprieding foar te kommen.
It begûn allegear yn july op in feestje by ien thús. Ien fan de gasten wie mei it firus besmet. Ut it ûndersyk is nei foaren kommen dat it firus him foaral op in terras ferspraat hat. De measte jongelju dy’t it skipe hawwe koene inoar.
GGD Fryslân beklammet dat it gefal yn Dokkum dúdlik makket hoe belangryk oft it is om yn de bûtenlucht ek fier genôch byinoar wei te bliuwen. De sifers yn Fryslân binne allinne mar leech te hâlden as elkenien him oan de maatregels en rjochtlinen hâldt. Wa’t ek mar wát fielt wurdt oanret en bliuw thús, regelje fia 0800-1202 in test en wachtsje thús de útslach ôf.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje