Jan Willem Zwart: Wetter

augustus 22, 2020 20:00

Kollum

foto © Jan Willem Zwart

De simmer ferrint fan ’t jier wer hiel oars as yn foarige jierren. In tige drûge koroanamaitiid gie oer nei in begjin fan de simmer mei wetter en buien. En dy gie healwei augustus oer nei tropysk waarme dagen. Us klimaat is oan it feroarjen en it like de lêste tiid wol dat wy yn ’e tropen libben. Yn ’e tropen binne  nochal wat ekstremen. In grut ferskil tusken waarm en kâld. Mar ek tusken drûch en wiet.

Wetter wurdt foar ús bestean aloan wichtiger. Moasten wy yn it ferline faak fjochtsje tsjin it wetter, tsjintwurdich moatte wy fjochtsje om it wetter te behâlden, om it yn de grûn te hâlden. Der binne nochal wat natuergebieten dy’t te meitsjen hawwe mei drûchte. Feangebieten drûgje út en der ûntsteane problemen op it mêd fan stikstof en it ynkrimpen fan de grûn. Op hegere abstraksjenivo’s wurdt deroer neitocht om wetter fêst te hâlden yn bergingskommen. Mar de ekstremen fan de lêste jierren, dêr is neat tsjin opwoeksen. Hiele strjitten steane blank nei in ûnwaarsbui, en puozzen lykje op kolkjende rivieren.

Myn fraach is al tiden wêrom’t it wetter sa hurd fuort moat. Wêrom dogge wy der mei-inoar alles oan om it wetter sa gau mooglik fan it hiem ôf te krijen? It soe ommers sa moai wêze om it wetter yn de eigen grûn op te fangen en it te brûken yn tiden dat it nedich is. It is my dreech om út te lizzen dat der safolle wetter falt en dat der op waarme mominten net genôch wetter yn de grûn sit.

Soene wy der net alles oan dwaan moatte om just it grûnwetter op peil te krijen en it hiele jier troch klimaatbestindich te wurden? Soene wy net just dêr in kear mei ús Wetterskip oer yn petear moatte? Wetterskippen yn Nederlân binne âlde demokrasyen dy’t, wat wetter oanbelanget, oer ús feiligens geane. Wy meie der sels foar stimme. Hoe bysûnder is dat? Moatte wy dêrom net mei-inoar neitinke oer it wetter? Net allinnich oer de feiligens, mar ek oer it wetter dat wy fêsthâlde kinne en net daliks nei de see ôfstreame litte moatte. Soe it foar de boeren sa slim wêze as it grûnwetter krekt wat heger kaam te stean? Soene de greidefûgels dan net folle better harren iten sammelje en oerlibje kinne? Ik tink dat it goed is dat wy mei-inoar neitinke oer wetter. Dat wurdt de grutste útdaging fan de kommende jierren.

augustus 22, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.