Iuwenâld Inka-offer ûntdutsen yn Titicacamar

augustus 9, 2020 08:57

By in ûnderwetterûndersyk yn de Titicacamar yn de Andes fûn in ynternasjonaal tiim fan archeologen op in rif ûnder it wetteroerflak in offerdoaze fan andesyt, in lokaal fulkanysk stiente.

Titicacamar (foto Wikipedia/Mhwater – publyk domein)

De doaze is likernôch 35,5 by 16,5 sintimeter en hat in holle romte dy’t mei in rûne stien ôfsletten wie. De doaze is dêr mear as fiif iuwen lyn dellein. De Titicacamar wie yn it âlde Inkaryk in hillich plak. De nije ûntdekking, dy’t op 4 augustus publisearre is yn it tydskrift Antiquity, jout nij ynsjoch yn it leauwenssysteem fan de Inka’s. Dat omfette nammentlik ek bloedige offers.

Yn de offerdoaze sieten in miniatuerlama makke fan in koraalkleurige skulp en in lytse gouden earmbân dy’t Inka-eallju om de rjochterûnderearm droegen. Yn in ier Spaansk ferslach stiet dat de offerdoazen ek it bloed fan offere bern of bisten befette.

It wie net foar it earst dat yn de mar sa’n ûntdekking dien waard. Geroften oer fersonken skatten lokken Spaanske feroverers nei Titicaca. In ferslach út 1541 seit dat tsien manlju by in syktocht nei de skatten ferdronken binne. Iuwen letter hawwe dûkers, ûnder oare seeûndersikers Jacques Cousteau, sûnt de jierren 1950 it wetter ôfspeurd.

By ferskate ekspedysjes binne op in oar rif ferskate stiennen kisten fûn. Yn fjouwer fan dy kisten is de ynhâld hielendal of foar in part bewarre bleaun. De offerjeften bestiene út byldsjes fan minsken, manlju en froulju, en lama’s. Se wiene fan seldsume en weardefolle materialen makke, lykas sulver, goud en skulpen fan stikeloesters. Yn ien fan de doazen waarden lytse, gouden tupu’s fûn. Dat binne spjelden dêr’t de Inkasjaals mei fêstmakke waarden. De ûndersikers skriuwe dat de offers ferskate doelen hiene, fan grutte politike ferklearringen oant lânboufersiken.

Wittenskippers gean troch mei it útkjimjen fan de djipten fan de Titicacamar, dat in oerflak fan goed 8300 kante meter hat. Hja sille dan mear bewizen sammelje fan de nuvere en mysterieuze rituelen fan de Inka’s.

Boarne: National Geographic

augustus 9, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.