It geheim fan de swarm

augustus 2, 2020 15:32

De betsjoenende dûns fan de fûgelswarm – soms wol hûnderten, tûzenen fûgels tagelijk – wurdt al hiel lang as in grut mystearje sjoen. De swarm liket him as in lichem mei in brein te bewegen. Dat ropt de freaach op hoe’t fûgels dat dogge. It binne trouwens net allinne fûgels dy’t har yn swarmen fuortbewege. Troch nije technologyen kinne wittenskipper hieltyd better efter it geheim komme.

Fûgelswarm. Foto © NTR

It NTR-wittenskipsprogramma De Kennis van Nu lit op woansdei 5 augustus yn in ekstra lange special net allinne bysûndere en betsjoenende staaltsjes ‘swarmyntelliginsje’ sjen, mar ek wat de wittenskip dêrmei kin.

Op it Max Planckynstitút yn Konstanz hat biolooch Iain Couzin in boarterstún foar biologen makke. Kameraatsjes folgje groepen fisken, sprinkhoannen balansearje op in bal yn in virtual realitybak mei keunstgers en fûgels fleane om mei lytse rêchsekjes op dêr’t harren petearen mei ôfharke wurde. Couzin sjocht ferrassende oerienkomsten: “Wy begjinne te ûntdekken hoe’t alles mei-inoar yn ferbân stiet, mar it is noch mar it topke fan de iisberch, wat we sjogge.”

Hongaarske robotkenners besykje mei dronen in swarm nei te bauwen. Se binne al jierren dwaande mei in soarte fan fûgelbrein foar de dronen, dy folslein selsstannich as in swarm fleane kinne moatte. It Hongaarske leger hat it allegear krekt op ’e kuer.

Yn de Feriene Steate past software-ûntwikkeler Louis Rosenberg de swarmintelliginsje fan huningbijen yn de maatskippij ta: “As fûgels, bijen en fisken mei-inoar safolle lieper binne, wêrom wy minsken dan net? Wy kinne minsken mei-inoar ferbine en in grut superbrein foarmje.”

De útstjoering fan De Kennis van Nu fan 5 augustus is op NPO 2 en begjint om 22.05 oere.

augustus 2, 2020 15:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.