“It Frysk stjert in wûndermoaie dea”

augustus 16, 2020 11:48

Toanielskriuwer Bouke Oldenhof: “Ik tink ek dat minsken fiele dat it Frysk faai stiet en dat se foar in part dêrom nei Fryske foarstellingen geane. Ferlykje it mar mei in dierbere dy’t stjert. Dan tinkst, alles wat dierber is stjert, mar it is oarsom. Alles wat stjert wurdt dy dierber. It Frysk is ek in bytsje oan it stjerren. Dat is hiel tryst, mar it foardiel is tink ik dat it ús ek dierberder wurdt. Ik tink wol dat de bloei fan it Fryske toaniel dêrmei te meitsjen hat. Hast fan dy blommen dy’t ien kear yn de fjirtich, fyftich jier bloeie. Wy sitte no wol yn de bloei. Hoe’t it dêrnei komt? Dan binne der wol wer oare blommen dy’t bloeie.”

Yn de nijste jefte fan tydskrift De Nije leit toanielskriuwer Bouke Oldenhof út hoe’t Frysk toaniel sa’n sukses wurde koe nei de Twadde Wrâldoarloch. Mar hoe komt it skielk?

De Nije oer 75 jier fan feroarjende tiden.

Te krijen yn boekwinkels en supermerken.

Of folje dit formulier yn foar in abonnemint.

Oare fragen? Stjoer in mail nei: denije@itnijs.nl.

augustus 16, 2020 11:48
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe augustus 16, 14:38

    Ofgean

    It bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging kin mar it bêste ôfgean.

    It is de ferantwurdlikheid fan dat bestjoer dat de Ried neat – Neat – docht oan it skeinen yn Fryslân fan it rjocht op goed ûnderwiis yn de eigen taal.

    It is net te tankjen oan dat bestjoer dat yn Nederlân skande sprutsen wurdt fan kleurdiskriminaasje, sekse-diskriminaasje, leeftydsdiskriminaasje en âldereindiskriminaasje, mar it is wol de ferantwurdlikheid fan dat bestjoer dat nimmen it hat oer taaldiskriminaasje.

    It is de ferantwurdlikheid fan dat bestjoer dat Oldenhof de (safolste) ûndergongsprofeet úthingje kin yn De Nije (bedoeld wurdt: De Alde).

    It is de ferantwurdlikheid fan dat bestjoer dat alle dagen wer in pear Frysksprekkers de moedfearren hingje litte.

    It is de ferantwurdlikheid fan dat bestjoer dat bestjoerders yn Fryslân noch altyd gjin inkelde ynteresse hoege te toanen yn it fuortbestean fan in geweldige taal en in geweldige literatuer.

    As jim neat kinne en neat wolle, gean dan oan kant. Fiskje is ek in aardige beuzichheid.

  2. Erwin2.0 augustus 17, 08:38

    Bêste Abe,

    It bestjoer fan de RfdFB… It is in bestjoer dy’tst yn meardere bewegingsrûntes tsjinkomst.

    Der sitte minsken yn dy’t der grutsk op binne dat se sa’n bytsje e-maile of hielendal gjin e-mail hawwe.

    Der sitte minsken by dy’t WhatsApp as duvelsk ark beskôgje.

    Der sitte minsken by dy’t elk foarstel mei in skalk each besjogge. Ek goede foarstellen.

    Der sitte minsken by dy’t it tsjinhâlden fan foarstellen mei in protte arguminten wiis en ferstannich fine.

    Der sitte minsken by dy’t oare Friezen bang meitsje om Frysk te skriuwen.

    Der sitte minsken by dy’t de aktiviteiten fan harren stifting/feriening nei de Jongfryske Mienskip ta skowe wolle, want dêr sit noch wol libben yn.

    Der sitte minsken by dy’t pas by gearkomsten begjinne nei te tinken oer de gong fan saken oangeande it Frysk. Trije gearkomsten fierder stiet it punt noch hieltyd op ‘e wurklist en is der fan alles oer sein, mar noch gjin fuck mei dien.

    Der sitte minsken by dy’t de gearkomsten brûke om harren frustraasje oangeande it Frysk kwyt te wurden. Lekker eamelje oer de taal, mar neat bydrage oan de oplossing fan it probleem.

    En it slimste fan allegear. Sokke minsken hawwe gjin selsrefleksje, dus wy hoege der neat fan te ferwachtsjen.

    En it Frysk giet net samar dea. Dêr leau ik neat fan. Soks kin noch hiel lang duorje, mar de taal wurdt al lijerich. Mei tank oan sokke bewegers…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.