Inisjatyfrike Friezen mei goede projektideeën socht
Resint ferskynd
Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 7 septimber oant en mei 1 oktober 2020 wer subsydzje oanfreegje út it Iepen Mienskipsfûns. Der is 1.355.000 euro beskikber foar hiel Fryslân.
Fan ûnderen op
Utgongspunt is dat ynwenners sels útmeitsje wat wichtich is foar de leefberens yn harren gebiet en de projekten ek sels opsette. By it útwurkjen fan ideeën wurdt oan inisjatyfnimmers frege om rekken te hâlden mei de rjochtlinen fan it RIVM en de kabinetsmaatregels. Om ynspiraasje op te dwaan kinne inisjatyfnimmers sjen op ‘Projekten yn byld’ op de webside fan de provinsje. Advyskommisjes mei belutsen ynwenners fan de regio’s beoardielje de projektoanfragen op ûnder oare draachflak en duorsumens.

Provinsje Fryslan Plattelânsprojekten Noard-East Fryslân; Wierum Waadkust; ©Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen
Inisjatyfnimmers kinne foar it dielen fan har ideeën, it opstellen fan in projektplan en help by de subsydzje-oanfraach by Streekwurk en Doarpswurk terjochte. Yn de regio’s Noardeast en Noardwest kin ek subsydzje út de Europeeske LEADER-regeling oanfrege wurde. Betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens yn wyk, doarp of stêd. Sjoch foar mear ynformaasje op www.streekwurk.frl/imf, www.streekwurk.frl/leader of www.doarpswurk.frl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje