Húshâldens socht om mei te dwaan oan Junior Energiecoach

augustus 16, 2020 08:51

Hoe besparret men thús sa aardich en maklik mooglik enerzjy? Dat is te learen mei Junior Energiecoach, in spul foar húshâldens om thús enerzjy te besparjen. Yn achttjin Nederlânske gemeenten kinne fyftich húshâldens fergees meidwaan. Foar húshâldens út oare gemeenten binne in stikmannich frijkaarten beskikber. Yn Fryslân dogge de gemeenten Eaststellingwerf, Smellingerlân en Ljouwert mei.

Ofbylding: Junior Energiecoach

In skjinner miljeu en in follere beurs
Mei it spul, dat op 3 oktober úteinset en fiif wike duorret,  kriget men mear ynsjoch oer hoe’t je thús maklik enerzjy besparje kinne. Alle wiken steane yn it teken fan in oare opdracht. It is in projekt foar en troch de hiele húshalding. De Junior Energiecoach leaut dêrby yn it bern as motor foar enerzjybesparring. Bern (likernôch 7-12 jier) en âlden spylje mei Junior Energiecoach on- en offline in spul mei aardige, learsume opdrachten, puzels, eksperiminten en winaksjes. Kennis en bewustwurding oer enerzjy nimme dêrtroch ta. It biedwurd is: mei enerzjy kinst laitsje!

Lampejacht en stekkerekspedysje
Yn it spul komme alle wiken spesjale Junior Energiecoach-filmkes fan Varkentje Rund online. Dêr hearre dan aardige en geheime opdrachten by, nijsgjirrige weetsjes en spultsjes. Wa doar mei op lampejacht of stekkerekspedysje? Bern wurde echte Junior Enerzjycoaches. It is fansels ek aardich en learsum foar âlden.

Fergees meidwaan
Oanmelde of op syk nei mear ynformaasje? Sjoch op www.juniorenergiecoach.nl. Ynskriuwe kin fan 17 oant en mei 27 septimber.

augustus 16, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.