Help oan Libanon nei grutte eksploazje

augustus 11, 2020 08:50 Fernijd

Yn Libanon driget nei de eksploazje fan ferline wike tiisdei in folsleine ynstoarting. Ekonomen hawwe útrekkene dat de klap mooglik 25 persint fan it bruto nasjonaal produkt fuortfage hat. It lân siet al yn in djippe ekonomyske krisis en is ek nochris swier troffen troch de koroanapandemy.

Foto: pixabay.com

Minister Kaag fan Bûtenlânske Saken die ôfrûne wykein mei oan in online donorkonferinsje fan lannen dy’t de sân miljoen ynwenners fan Libanon helpe wolle. De konferinsje wie in inisjatyf fan de Frânske presidint Macron. De medyske help en fiedselhelp lykje goed op gong te kommen. Sa stelde it Feriene Keninkryk op de konferinsje tweintich miljoen euro beskikber foar fiedselhelp, Dútslân tsien miljoen euro foar needhelp en de FS hast trettjin miljoen euro foar twa Amerikaanske universiteiten yn Libanon. De 36 dielnimmende lannen brochten 252,7 miljoen euro byinoar. Foar it oanpakken fan de skea binne miljarden nedich. Dat wylst lannen al troffen binne troch de koroanakrisis.

It ministearje fan Bûtenlânske Saken wol mei de haven fan Rotterdam neigean hoe’t Nederlân Libanon helpe kin by de weropbou fan de haven fan Beiroet. Dy haven waard troch de enoarme eksploazje ferrinnewearre. Earder stjoerde Nederlân al in helptiim foar it opspeuren fan slachtoffers ûnder út pún. Nederlân hat ek trije miljoen euro oan needhelp beskikber steld en ien miljoen euro oermakke oan it Reade Krús.

No freed wurdt in nasjonale aksjedei holden foar de slachtoffers fan de grutte eksploazje. Dy wurdt organisearre troch de gearwurkjende helporganisaasjes, feriene yn Giro555. NPO, RTL, Talpa en Facebook jouwe omtinken oan de aksjedei. In grut part fan de aktiviteiten sil fanwege de koroana online barre. Yn Hilversum wurdt in lyts aksjesintrum ynrjochte, berjochtet parseburo ANP. Fia in livestream kinne minsken folgje wat dêr bart. It sintrum is net tagonklik foar it publyk.

augustus 11, 2020 08:50 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.