Hegeskoalledosint skrept him út ’e naad

augustus 3, 2020 12:54

NHL Stenden yn Ljouwert (ôfbylding: Wikipedia/eigen wurk – CC BY 3.0)

Hegeskoalledosinten moatte te folle dwaan yn te min tiid. As se har net goed fiele, wurkje se dochs safolle mooglik troch om studinten net yn ’e problemen te bringen. Dat docht bliken út ûndersyk fan Zestor.

Dy ûndersyksorganisaasje is yn opdracht fan de Vereniging Hogescholen en de fakbûnen neigien hoe’t it derhinne leit mei de wurkdruk yn it heger beropsûnderwiis.

53 persint fan ‘e hegeskoalledosinten seit dat se te min tiid hawwe om harren wurk dwaan te kinnen. Dat is folle heger as de trochsneed fan alle Nederlânske wurknimmers (34 persint).

Seis persint fan alle hegeskoalledosinten hat him it ôfrûne jier siik meld troch te hege wurkdruk. Dat is relatyf leech. De hegeskoalledosinten wurkje by sykte faak troch.

Neffens it ûndersyk is de balâns tusken wurk en privee by hegeskoalledosinten net goed. De gearstallers fan it rapport skriuwe: “Een belangrijk probleem is ook dat werknemers thuis te lang of te vaak in hun hoofd nog met hun werk bezig zijn.” Hegeskoalledosinten wurkje faak thús, en yn it wykein wurkje se faak troch. De druk dy’t hja fiele, komt mei trochdat de iene dosint faak ôfhinklik is fan de oare.

Sûnt 1 april 2019 moat elke hegeskoalle yn Nederlân in beliedsplan hawwe om de wurkdruk te beheinen. Neffens Zestor hawwe de hegeskoallen dat ek dien, mar docht dat belied noch net folle fertuten. De ûndersikers tinke dat dat komt trochdat de oarsaken fan ‘e wurkdruk sa ferskillend binne dat it dreech is om der passend belied by te ûntwikkeljen.

In ferslach fan it ûndersyk is hjir te lêzen.

augustus 3, 2020 12:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.