Hege iepenbiere wifi-tichtens yn Fryslân

augustus 14, 2020 10:47

Fryslân hat in relatyf hege iepenbiere wifi-tichtens neffens it tal ynwenners. Op 10.000 Friezen binne der 135 iepenbiere wifi-netwurken beskikber. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan VPNGids.nl nei de tagong ta iepenbiere wifi.

Ofbylding: pixabay.com

Fryslân hat, neffens it tal ynwenners, minder tagonklike ynternetpunten as Drinte, Flevolân en Grinslân. De heechste wifi-tichtens is yn Noard-Hollân, dêr’t foar eltse 10.000 ynwenners 741 hotspots beskikber binne.

Tal hotspots leger as yn oare provinsjes
Yn ferliking mei oare provinsjes hat Fryslân net folle wifi-hotspots. Yn totaal binne der 8.764 iepenbiere wifi-netwurken registrearre, in bytsje mear as 1% fan alle hotspots yn Nederlân. Yn hiel Nederlân binne yn totaal 744.229 iepenbiere wifi-punten.

Súd-Hollân hat de measte tagonklike ynternetpunten mei 216.124 wifi-hotspots. Noard-Hollân (213.233) en Noard-Brabân (84.966) folje de top 3 fan provinsjes mei de measte iepenbiere netwurken oan.

Measte hotspots yn Ljouwert
Yn Ljouwert binne fierwei de measte wifi-hotspots: 5.968. De trochsneed foar in Fryske gemeente leit nammentlik op 876 hotspots.

Neffens it tal ynwenners binne op Skiermûntseach de measte iepenbiere wifi-netwurken tagonklik. Op 10.000 Skiermûntseagers binne der 1.573 wifi-punten, wylst 10.000 Ljouwerters út 481 netwurken kieze kinne.

Mear regionale ferskillen en oare resultaten út it ûndersyk binne hjir te lezen.

augustus 14, 2020 10:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.