Grutte eksploazje yn Beiroet mooglik feroarsake troch fjoerwurk

augustus 5, 2020 10:50

Tiisdeitejûn hat yn Beroet in grutte eksploazje west trochdat sa’n 2750 ton ammoaniumnitraat ûntplofte. Hoe’t dy stof flam sloech is noch ûndúdlik. De foarrie lei al seis jier opslein yn ’e haven fan de Libaneeske haadstêd, twittere de Libaneeske presidint Aoun tiisdeitejûn.

Foto: pixabay.com

Yn alle gefallen hûndert minsken kamen by de eksploazje om it libben en mear as fjouwertûzen minsken rekken ferwûne. Aoun sei dat de ferantwurdliken foar de ramp straft wurde sille. Ammoaniumnitraat sit ûnder oare yn keunstdong en kin ûnder beskate omstannichheden ûntploffe. De gemyske stof wurdt faak brûkt foar it meitsjen fan eksplosiven. Troch lokale media wurdt spekulearre dat de eksploazje feroarsake is troch laskerswurk op in fjoerwurkopslach tichtby.

De haven leit sintraal yn ’e stêd. It is in grutte ravaazje yn ’e binnenstêd. Ferskate lannen, wêrûnder Nederlân, hawwe Libanon ûnderwilens humanitêre help oanbean.

augustus 5, 2020 10:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.