Grikelân easket koroanafrijferklearring fan Nederlânske toeristen

augustus 10, 2020 22:20

Al dy’t út Nederlân komt en de grins mei Grikelân oer wol, moat bewize kinne dat er de koroanasykte net ûnder de lea hat. Dêrta moat er in doktersferklearring sjen litte kinne. Dy mei net âlder wêze as trije dagen.

Itselde jildt foar ljuwe dy’t út it Belzelân, Sweden, Spanje en Tsjechië komme. It Grykske regear beskôget it risiko grut dat ien út dy lannen oanhelle is mei koroana. De regel jildt fan moandei 17 augustus ôf.

Om sa’n ferklearring te krijen moat men wier nei dokter ta. De hifkerijen dy’t de GGD útfiert, binne net gaadlik, dêr krijt men gjin skriftlike ferklearring, inkeld in telefoanysken ien.

Grikelân is net it iennichste lân dat in doktersferklearring sjen wol fan reizgers út Nederlân. Aruba, Curacao en Syprus dogge dat ek. Sels wa’t binnen Nederlân fan it Europeeske diel nei Bonaire fljocht, moat ien hawwe.

Grikelân freget sa’n doktersferklearring nammers net allinnich fan toeristen, mar ek fan Grykske boargers dy’t nei in ferbliuw om utens wer werom wolle nei it heitelân.

augustus 10, 2020 22:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.