Goed de helte fan Fryske bedriuwen hâldt ljochten nachts oan

augustus 24, 2020 08:42

De Fryske Miljeufederaasje (FMF) hat mei alle oare provinsjale miljeufederaasjes yn it ramt fan de Nacht fan de Nacht-kampanje de ôfrûne wiken nachts 1.327 bedriuwen fotografearre, mei 133 dêrfan yn Fryslân. De foto’s waarden eigenwillich yn ferskate gemeenten makke. Lanlik brânde mar leafst by 72% fan de bedriuwen de ferljochting ûnnedich. Yn Fryslân wie dat 59%.

Ofbylding: FMF

Bedriuwen fergrieme nachts mei ûnnedige ferljochting jierliks sa’n 536 miljoen kWu (stroomferbrûk fan 150.000 húshâldens). Dat docht bliken út in rûzing fan ECN, it nasjonale ynstitút foar enerzjy-ynnovaasje. De natuer- en miljeufederaasjes advisearje in ienfâldige oplossing. Troch sensoaren oan te bringen, wurdt de ferljochting automatysk dôve en springt it by ûnrie oan.

Fryslân
Yn Fryslân binne 133 bedriuwen op goed gelok fotografearre. By 59% brânde der ûnnedige ferljochting. By 45% wie dat de binnenferljochting, by 26% de bûtenferljochting en by 11% beide. Mei 59% sit Fryslân rom ûnder it lanlike trochsneed fan 72%. Allinnich yn Drinte (58%) en Brabân (51%) hie in lytser persintaazje bedriuwen nachts de ferljochting oan.

Regionale ferskillen
It oantal bedriuwen dat de ljochten oanhie, wie mei 89% it heechst yn Noard-Hollân. En it leechst yn Brabân mei 51%. De measte binnenferljochting brânde yn Súd-Hollân. Dêr wie de binnenferljochting by 71% fan de bedriuwen oan. De minste binnenferljochting brânde yn Drinte (28%). Noard-Hollân en Utert skoare mei 56% it heechst as men nei bûtenferljochting sjocht. Brabân skoarde it leechst: dêr liet 15% fan de bedriuwen bûtenferljochting oan.

Ljocht oan fielt feiliger
As reden om de ljochten de hiele nacht brâne te litten, wurdt it faakst “feiligens, tsjin ynbraak” neamd. Yn ’e praktyk docht bliken dat ynbrekkers just ljocht nedich hawwe by it ynbrekken en dat ljocht op sensoaren (dy’t oangean by beweging) ôfskrikken. In net-ferljochte gebou, dêr’t by ûnrie it ljocht ynienen oanspringt troch in bewegingsdetektor, lûkt mear de oandacht as in gebou dêr’t hieltyd de ferljochting oanstiet (ûndersyk Van Heusden, 2017).

Oprop
De kommende fjirtjin dagen stjoere de miljeufederaasjes de bedriuwen dy’t fotografearre binne de foto fan harren ferljochte gebouwen. Bedriuwen krije ek oanbefellingen om it gebou duorsumer en feilich te ferljochtsjen. Annie van der Pas, netwurkdirekteur fan de Natuer- en Mileufederaasjes: “Mei Jacco Vonhof fan MKB Nederlân daagje wy de Nederlânske bedriuwen út om yn ’e Nacht fan de Nacht fan 24 oktober alle ljochten út te dwaan en dat dêrnei yn ’e nacht te kontinuearjen. It besparret jild en enerzjy en it soarget foar in moaiere stjerrehimel yn Nederlân.” It is dêrneist ek better foar (nacht)bisten en de sûnens fan minsken.

Ut ûndersyk docht ek bliken dat acht fan de tsien Nederlanners wolle dat bedriuwen de reklameferljochting en oanljochting fan de bedriuwsgebouwen dôvet. Troch sensoaren oan te bringen, kinne bedriuwen ek soargje foar in goed ôfskrikwekkend effekt op ynbrekkers. It idee is om it ûndersyk te werheljen om te sjen wat it effekt is fan de oprop en de advizen oan de bedriuwen.

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.nachtvandenacht.nl/onderzoekbedrijven.

augustus 24, 2020 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.