Gareth Ceidiog Hughes: Welskpraten wie “komkak”, sei ien. Dit wie myn beskied

augustus 25, 2020 20:57

Gareth Ceidiog Hughes (foto fan de skriuwer sels)

Okkerdeis woe ien ha dat it allegear mar komkak wie dat ik Welsk mei ien siet te praten.

Op it earste each wie dat mar gekjeierij. Guon saken dy’t út ‘e gek wei sein binne, kinne lykwols in rare ûndertoan ha. Neffens my wie dat no dúdlik it gefal.

It wie yn ferskate opsichten in nuvere útspraak. De beskuldiging dat it boarstklopperij is om de taal te brûken dy’t ik mei ús mem praat, is klearebare apekoal. Dan hie alle praten komkak west. Dan hie ik dy man ek wol in opswetser neame kinnen om’t er Ingelsk prate. Dat idee slacht nearne op.

Like nuver wie dat ik de man fan wa’t de beskuldiging kaam, hielendal net koe. Ik siet poernoflik mei in oar te praten en hy foel der gewoan tusken, as siet ik of lykfolwa op syn miening te wachtsjen. Ik hie noch nea mei de man praat en ik ha dat dêrnei ek nea mear dien. It ferlet is oars ek net grut.

Fansels wie ik wat nitelich, mar dat hienen jim faaks al yn ‘e rekken.

Ik antwurde frijwat luftich op ‘e nuvere bemuoierij mei: “Tsja, it is op ‘t lêst de taal fan ‘e himel.” Doe ferfette ik myn petear.

Dochs waard ik oan it tinken set oer de wizen hoe’t minsken it Welsk sjogge en wat wy fandatoangeande ôfnimme kinne út de opmerking fan dy man.

Oan ‘e iene kant leare wy der wat posityfs út. As Welskpraten komkak is, dan is it Welsk dus in taal om komkakkich mei te dwaan. Dy opfetting is fansels gâns better as de miening dat jo neat oan it Welsk ha, en sa tinkt in aardich grutte minderheid fan ‘e befolking der spitigernôch noch altyd oer.

Oan ‘e oare kant is de opmerking just net sa posityf. Dat is om’t er útdrukt dat it net gewoan is en praat Welsk yn it deistich bestean – privee of saaklik. Net ien soe it bestean om it as ûngewoan te bestimpeljen dat der yn ferlykbere situaasjes Ingelsk brûkt waard. Dat soe nea ferfelend kommentaar útlokke ha. Net ien soe der sels mar wat fan tinke.

Dat komt trochdat it Ingelsk as de noarm beskôge wurdt. It Welsk wurdt dêrfoaroer beskôge as in nuveraardichheid dy’t bytiden ta it domein fan ‘e Ingelske taal yn kringt. Dat komt trochdat it iuwenlang as ûngewoan foarsteld is – oant it hast ferdwûn wie. Wy binne de status no mei in soad muoite werom oan it klauwen.

Dy’t seit dat Welskpraten komkak is, dy lit it foarkomme as ha minsken dy’t Welsk prate dêr twiveleftige redenen foar. Sa’n ien docht ek krekt as wie de taal in opstiging ynstee fan in normaal ûnderdiel fan it libben fan guon minsken. As soks wier sa wêze soe, dan soe der fansels gjin sprake wêze moatte fan lykberjochtiging fan taalgroepen.

Sa’n hâlding komt in hâlden en dragen efterwei en dêr kin diskriminaasje by hearre. Hoewol’t it no by wet ferbean is, binne der noch hieltyd Welskpraters dy’t te krijen ha mei minsken dy’t besykje om it near derop te lizzen dat hja op it wurk har eigen taal prate. Stel jim dat ris foar: dat ien of oare droktemakker jim fertelt dat jim de taal net brûke meie dy’t jim mei jim mem prate.

Wichtich

Fansels binne der wol situaasjes dat minsken taal brûke om op te swetsen. As ien syn taspraken bygelyks trochkliemt mei Latynske sitaten, dan is der foar it neist wol sprake fan grutsweeslaggerij. Soks is gauris in manier om sjen te litten dat jo by de hegerein hearre, dat jo op it gymnasium sitten ha. Mar Latyn is wier in deade taal, dy’t yn it deistich libben net mear brûkt wurdt – of jo moatte in klassika wêze, lykas Mary Beard.

Dy’t ha wol dat Welskpraten komkak is, dy docht krekt as wie dat like elitêr. Dy seit dat men soks likegoed litte kinne soe. Dat is slim misledigjend.

Fansels brûk ik it Welsk om dingen oer mysels dúdlik te meitsjen. Ik brûk it bygelyks om dúdlik te meitsjen dat ik sin ha oan in kopke tee, dat ik der molke yn ha, mar dat ik fan ‘e sûker ôf stapt bin. Jim sjogge wol dat de wierheid oangeande Welskpraten in stik banaler is as dat dy man ornearre. En dêr mei ik de taal namste mear om lije.

Begryp my oars net ferkeard. De Welske taal is in riken ien, mei in skat oan proaza, poëzij, muzyk en folle net genôch. Hy is perfoarst net ûngeskikt om út ‘e hichte mei te dwaan, heden nee. Mar dat is in útwreiding fan in taal dy’t fêst ferankere is yn it deistich bestean. De kulturele taal kin sûnder de gewoane deistige omgongstaal net bestean.

It Welskprater-wêzen is in wichtich ûnderdiel fan myn bestean. En bestean is net in foarm fan grutsweeslaggerij.

Ik woe it boarst dan ek hielendal net foarút sette doe’t ik in petear yn it Welsk fierde. No is it fansels wol in bjusterbaarlike taal, dat ik hie der fansels wol alle reden ta.

Flauwekul, fansels, Welskpraters wolle hielendal net as wat útsûnderliks beskôge wurde. Wy wolle like fetsoenlik behannele wurde as Ingelskpraters. Dy’t wat oars ûnderstelt, docht ús slim ûnrjocht. Dat dat noch better is as dat ús taal as minderweardich bestimpele wurdt, is in skrale treast.

De foarstelling dat Welskpraters it krop heech ha of dat se in spesjale behanneling easkje, wurdt yn stelling brocht om ús deagewoane taalrjochten te ûnthâlden. Dêrom moatte wy dy foarstelling fersmite. Sa útwrydsk binne ús winsken ommers net.

Gareth Ceidiog Hughes wurket as PR-adviseur, skriuwer en sjoernalist yn Wales. Dit stik is earder ferskynd op it webstee nation.cymru. It is hjir mei tastimming fan de skriuwer oernommen. De Fryske oersetting is makke troch Henk Wolf.

augustus 25, 2020 20:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap Slager augustus 26, 15:03

    Prachtich! Ja, ik wit net wat dat is mei guon lju dy´t lek en brek by de float by in oar fine, mar harsels foarby sjugge.
    Ik hie eartiids ris in kammeraat op besite. Doe´t ik ûnder de bedriuwen wat tsjin ús mem sei, wied er swier misledige dat ik Frysk tsjin har prate yn syn bywêzigens. Brekme oan respekt, fûn er. Ik wie slop! Ik koe tsjin ús eigen mem dochs gjin Hollânsk prate, wol? Brekme oan respekt, fûn ik.
    Doe´t ik letter ris by him oer de flier kaam, spruts er oars net as plat-Drintsk mei syn âldelju. Brekme oan respekt, pleage ik him. Hy seach my oan as in ko yn ´e poarte — hy koe dochs slim ABN mei har sprekke, fûn er, mei syn bloedeigen âldelju. Hja soene wol roppe!
    Moai, net!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.