Fryslân sjocht kritysk nei lanlike Loftfeartnota

augustus 20, 2020 08:54

Foto: morguefile.com

De provinsje Fryslân hat in sjenswize op de ûntwerp-Loftfeartnota 2020-2050 yntsjinne. Yn dy nota beskriuwt it Ryk hoe’t it tsjin de takomst fan de loftfeart oansjocht. Yn de sjenswize freget de provinsje ûnder oare omtinken foar it ûntbrekken fan de relaasje mei militêre loftfeart en foar de spesifike situaasje fan fleanfjilden dy’t inkeld en allinne foar medyske haastflechten brûkt wurde. Dêrneist wurdt de Lelyline as alternatyf oandroegen foar flechten nei Hamburch en Skandinavië.

Fryske belangen yn ‘e rekken hâlde
Yn ’e ûntwerp-Loftfeartnota set it Ryk him yn foar it ferstevigjen fan it ynternasjonale treinnetwurk yn Europa. Dêrmei soe de trein hieltyd faker in alternatyf foar it fleantúch wêze moatte. Der wurdt dêrby nei it aksjeplan Air/Rail ferwiisd. De provinsje fynt it in miste kâns dat de Lelyline yn dat plan ûntbrekt. De Lelyline hat ynternasjonale potinsje as ûnderdiel fan in heechweardige ferbining tusken Nederlân, Dútslân en Skandinavië. In neier ûndersyk nei it potinsjeel fan de Lelyline is dan ek winsklik.

It wekjen oer de kwaliteit fan de krite dêr’t minsken yn wenje en libje is in taak fan de provinsje. Dêrom wurdt it Ryk oproppen om omtinken te jaan oan de fleanrûten dy’t nei de iepening fan Lelystad Airport yn novimber 2021 ûntsteane. De provinsje Fryslân giet derfan út dat der gjin sprake mear is fan leechfleanen op 6000ft/1800 m foar langere tiid. Foar fiif fleanfjilden yn Fryslân, dy’t allinne foar medyske flechten brûkt wurde, wurdt frege om fan guon noarmen ôfwike te kinnen. Dy flechten kinne ommers fan libbensbelang wêze. Dêrneist wurdt der yn de sjenswize omtinken frege foar leefberens, natuer en klimaat om de fleanbasis Ljouwert hinne en fan it noch út te wreidzjen oefengebiet yn Fryslân. Militêre loftfeart komt yn ’e Loftfeartnota nammentlik amper oan ’e oarder.

Deputearre Douwe Hoogland: “Wy binne bliid te lêzen dat it kabinet behâld en ferhelpen fan natuerwearden wichtich fynt by it nimmen fan besluten oer de loftfeart. Hoe’t it Ryk dat krekt foar him sjocht, wurdt noch net foldwaande dúdlik makke. Wy wolle dêrom graach meitinke. Fryslân sil dêrby hieltyd wer omtinken freegje foar it behâld fan rêst en romte foar minske en natuer.”

Nei alle gedachten wurdt ein 2020 de definitive Loftfeartnota 2020-2050 troch it kabinet fêststeld.

augustus 20, 2020 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.