Fryske taal hat rike wurdskat foar bemuoisucht

augustus 10, 2020 10:43

It Frysk hat in soad taaleigen op it stik fan bemuoisucht. Op it webstee Neerlandistiek beskriuwt taalkundige Henk Wolf foar Nederlânsktalige lêzers in protte wurden en útdrukkings dy’t dêrmei anneks binne, lykas poathâlde en âldfernim.

Hoe’t it komt dat Friezen sa’n rike wurdskat hawwe om oer bemuoisucht te praten, stiet net yn it stik. It ûnderwerp liket de Friezen lykwols nau oan it hert te lizzen.

It stik is hjir te lêzen: link.

augustus 10, 2020 10:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.