Fryske Akademy wol mei bryk Frysk nije direkteur oanlûke

augustus 5, 2020 10:46

Fryske Akademy. Foto © Aant Mulder

De Fryske Akademy yn Ljouwert siket in nije direkteur. Dy moat in akademysk wurk- en tinknivo hawwe en him it Frysk fluch eigen meitsje as er dat noch net yn ‘e macht hat. Fan de Fryske Akademy soe men yn de fakatuere foar sa’n wichtige funksje Frysk ferwachtsje dat sûnder wryt of slyt is. Ommers, wa wol direkteur wurde fan in ynstitút dat syn taak as hoeder fan de Fryske taal net serieus nimt.

Wat stiet der lykwols yn de fakatuere, yn de folsleine tekst en yn de ferkoarte ferzje foar de parse? “Jo kinne jo eigen wittenskiplike dissipline foar in part útfieren bliuwe”, mei in flater dy’t jo fuort yn de earste Afûk-lessen ôfleard wurdt.

augustus 5, 2020 10:46
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Wim augustus 5, 12:00

    Wat is de flater en wêrom?

  2. redaksje Skriuwer augustus 5, 20:33

    Achte Wim,

    Op dizze side fine jo in rige fideo’s mei grammatikale útlis. Fideo 10 giet oer de kwestje dêr’t jo nei freegje.

    https://www.itnijs.frl/2020/04/fideos-fryske-grammatika/

  3. X augustus 6, 07:47

    @Wim:..trochgean mei it útfieren fan …

  4. Wim Swa augustus 6, 21:32

    Tige tank

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.