Frysk Museum kriget stipe fan Mondriaanfûns
Resint ferskynd
It Frysk Museum yn Ljouwert is ien fan de 28 regionale musea dy’t in oanfoljende kompensaasje krije troch in spesjale regeling fanwegen it ferlies oan ynkomsten yn de koroanatiid. Dy regeling fan it Mondriaan Fonds strookt mei de bedraggen dy’t gemeente en provinsje beskikber stelle. Om watfoar bedrach it gean sil is net earder as yn april 2021 bekend.
De regeling jildt foar musea dy’t mear as 100.000 besikers yn it jier lûke. De oare musea dy’t in bedrach krije binne: Amsterdam Museum, Batavialand, Bonnefanten, Centraal Museum, CODA, Design Museum Den Bosch, Dordrechts Museum, Drents Museum, Frans Hals Museum, GeoFort, Groninger Museum, Kunstmuseum Den Haag, Maritiem Museum Rotterdam, Museon, Museum de Fundatie, Museum Helmond, Museum Het Rembrandthuis, Museum Speelklok, Museumplein Limburg, Het Noordbrabants Museum, Singer Laren, Stedelijk Museum Amsterdam, TextielMuseum, Van Abbemuseum, Verzetsmuseum, Watersnoodmuseum en Zaans Museum.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje