Frijheid om te leauwen

augustus 30, 2020 08:30

Oertinking

It ferklearjen fan de wrâld om ús hinne (út eigen belang of út ûnbaatsuchtige leafde) hinget o sa ôf fan ús deistige situaasje. It freget om dêr wat ôfstân fan te nimmen. Hoewol’t wrâldwiid de frijheid fan libbensfyzje nochal wat te winskjen oerlit, heart it ta de universele rjochten fan de minske om sels sin en ûnsin fan it libben te oarderjen en yn te kleurjen.

Mar as der gjin leafde en burgen-wêzen is, mar inkeld striid om te oerlibjen, krije sinjaan en sinbelibjen it wol tige dreeech mei de wjerstribbige werklikheid. Dochs hawwe in protte minsken de behoefte om yn de relaasje ta de wrâld en it Godlike, de sin fan it libben yn te foljen. Yn in soad libbensskôgingen wurde dêr troch famylje en gesachsdragers tinkkaders foar oanrikt. Dêrby wurdt rekken holden mei skiednis en tradysje.

Men soe sizze kinne dat in leauwensmienskip – oan de iene kant om de oerdraachberens fan it leauwe en oan de oare kant om it ûnderinoar iens wêzen (mienskipssin) feilich te stellen –  him datoangeande beheiningen opleit. Troch dy beheiningen in algemien jildend wierheidsgehalte mei te jaan, wurdt de bân mei de besteande libbenssituaasje ferbrutsen.

Tinkkaders fan foarhinne jilde net fanselssprekkend foar no. In dogma is dan ek in oardering dy’t oan syn tiid bûn is, mar dêr’t ivichheidswearde oan takend is. It passe by it âlde tinken oer hoe’t it ien of oar sit, om dat ûnferoarlik te achtsjen. Yn ús iepen multykulturele mienskip leit it foar de hân dat alle minsken frij binne is om sels harren wierheid te finen. Elkenien soe frij wêze moatte om dat te sizzen wat hy of sy alline de wrâld sizze kin.

Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch-teolooch

 

augustus 30, 2020 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.