Frâns Kuipers: Twitterjende politisy

augustus 16, 2020 12:00

Kollum

De wrâld wurdt behearske – better sein: oerhearske – troch grutte streamen twitterberjochten. Itselde jildt foar Facebook en Instagram, de ferneamde sosjale media! It is net om ’e nocht dat dy ‘media grutmachten’ op it stuit op ’e hûd sitten wurde. Troch harren te grutte ynfloed op it hâlden en dragen fan hûnderten miljoenen minsken kinne ferkiezingen bedoarn wurde.

Benammen politisy brûke de sosjale media fierstente folle. Dy fine it ek ‘o sa maklik’ om mei maksimaal 280 tekens – ynklusyf punten en komma’s – witte te litten wat se te melden hawwe, ek al giet it oer neat. Lit twitterjen sjen dat in politikus warber oan de slach is foar ‘folk en heitelân’?

 

Baas-Boppe-Baas
Presidint Donald Trump mei syn opfallend kapsel is de machtichste man fan de wrâld en op Twitter is er ynternasjonaal ‘Baas-Boppe-Baas’. Hy twitteret alle dagen de hiele wrâld oer wat hy betocht hat of feroarje sil of wol. Sûnder nei te tinken, sa komt it somtiden oer. Syn ferwar is dat de measte Amerikaanske kranten en telefyzje- en radiostjoerders him skouderje. Dy hâlde him út it nijs en sette him mei opsetsin ferkeard del. Se wolle him it Witte Huis útjeie. Dus moat er – sa bewearde er sels – twitterje om bedoelingen en oanpak kenber te meitsjen. En net alhiel sûnder sukses. Hy doar wol wat oan. Ruling by Twitter?

Nederlânske twitterkampioen
Tichter by hûs hawwe wy ús PVV-baas en twitterkampioen Geart Wilders, dy’t de polityk omraak wit op te skodzjen. Woansdei 12 augustus lêstlyn draaide it ûnder it Keamerdebat oer it koroanabelied dêr wer ris op út. Geart naam Hugo op ’e kerl, want ‘Hugo van het CDA’ hie falske sifers trochjûn oer de test- en kontrôlekapasiteit fan de GGD. Om dy flater te ferbergjen kaam minister De Jonge mei in (te) hastich plan om minsken beboetsje te kinnen as se har net oan in opleine karantêne holde. Liket (my) logysk, mar Wilders sjocht dat fansels sa net en soarget fakkundich foar teäter en spektakel. Eintsje beslút woe Wilders in haadlike stimming oer in bettere beleanning fan it soarchpersoniel, wêrnei’t de Keamerleden fan de koälysje har as hazzen ôfjoegen. Gjin mearderheid om stimme te kinnen. Reklame foar Wilders? Binnen tsien minuten hie Geart Wilders dy ‘politike poppekast’ al op Twitter stean. Opposition by Twitter.

Provinsjale twitterkampioenen
Yn eigen provinsje binne der ek betûfte politike twitterkampioenen. De measten brûke it twitterjen om de befolking – tinke se – witte te litten dat se wekker en warber oan it wurk binne. Kommissaris Brok spilet op Twitter ek goed by, want hy ‘retweet’ sa’n bytsje alles wat syn deputearren rûntwitterje en oan foto’s sjen litte. Alles liket belangryk te wêzen, sa komt it oer. CDA-deputeare Sander de Rouwe is somtiden moarns betiid al drok dwaande. Hy lit dan al witte dat it ekonomysk goed giet mei Fryslân en dat it MKB foar Fryslân hiel belangryk is as it giet om wurkgelegenheid en ynnovaasje. In iepen doar, fansels. Hy lit witte dat mannichten toeristen al hielendal út Sina, Japan, Amearika en Yndonezië, troch ús prachtige, histoaryske en folkloristyske doarpkes kuierje. Dat se oan de kofje of oan in miel sitte by de pleatslike restauranten en kafees. Ik gean net alle deputearren bylâns, mar syn froulike partijkollega kin der ek wat fan. Elkenien koe bygelyks op Twitter lêze dat se in bysûnder boekje fan it Boalserter Ryksargyf krige hie. Tige wichtich, fansels. Sa binne der ek Steateleden tige oan it twitterjen. Wiene se mar wat mear yn de Steateseal, tink ik wolris. Wa lêst soks? Wat sjitte we der, polityk sjoen, mei op? Net sa folle.

Gemeentlike twitterkampioenen
Gemeentlik is it al net oars, hoewol’t gemeentebestjoerders, yn it generaal sjoen, minder fanatyk oan it twitterjen binne. De nije boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân spilet trouwens net min by. Mar ja, as in nije boargemaster bekend wurde wol, docht er wat ekstra syn bêst om by it folk, de gewoane man en frou, yn ’e kunde te kommen. Guon fraksjefoarsitters, riedsleden en wethâlders binne ek om raak oan it twitterjen. Alles telt mei. It liket wol in wedstriid. Is hy of sy dy’t de measte folgers hat it wichtichst? As der bygelyks in boatsje mei in wethâlder troch in wetterke of in feartsje glydt, dan komt soks op Twitter. Mei foto en al, want soks is in wichtich barren foar de gemeente.

Ammehoela! It measte folk is gewoan oan it wurk, is profesjoneel oan it helpferlienen as ferpleechster, as dokter of as of as mantelsoarger en gean sa mar troch. De measte minsken hawwe wol wat oars oan ’e holle. De measte minsken sitte net de hiele dei op Twitter. By gearkomsten, feestjes of oare gearkomsten hear ik withoefaak: Frâns, hawwe politisy fan heech oant leech it de hele dei oan tiid om mei harren telefoan te boartsjen? Hawwe se neat betters of te min te dwaan?” Is it frjemd dat it oantal leden fan politike partijen mar net echt tanimme wol? Omraak twitterje sil dat yn alle gefallen net oplosse. Dêr bin ik wis fan.

 

augustus 16, 2020 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.