Fedde Schurerbetinking op It Hearrenfean

augustus 18, 2020 08:12

Skôging

As guon fan de besikers fan de Fedde Schurerbetinking op sneon 15 augustus by it stânbyld op It Hearrenfean hope hiene dat dy manifestaasje op in nije Kneppelfreed útrinne soe, dan hiene se ferkeard tocht. Yn stee dêrfan waard it in tige weardige gearkomste sûnder wanklank. Rebûlje hie net ûnmooglik west nei’t der ûnder Friezen opskuor ûntstien wie troch de ûntbleating fan it byld op 25 july fan dit jier op de nije lokaasje oan de Tsjerkestrjitte, dy’t útrûn wie op in Hollânsk feestje. Dêr kaam doe gjin wurd Frysk oan te pas. Benammen skriuwer Hylke Speerstra spriek syn argewaasje út oer dy gong fan saken, dy’t like op it kapen fan de neilittenskip fan Fedde Schurer troch de Hollânske elite. ‘Beskamsum’ neamde skriuwer Peter Boomsma it.

Op inisjatyf fan FNP-Steatelid Sijbe Knol waard dêrom besletten de betinking op syn Frysk oer te dwaan op sneon 15 augustus. Dat waard in grut sukses. Der wiene mear as 150 minsken oanwêzich by de betinking, dy’t organisearre waard troch de Jongfryske Mienskip. Gâns mear as de tweintich pommeranten by de ûntbleating op 25 july. Lokkigernôch wie it plantsoen oan de Tsjerkestrjitte dêr’t it byld no stiet, rom genôch om te foldwaan oan de oardelmetereasken fanwegen koroana.

foto © Jaap Cuperus

Der wie in ferskaat oan sprekkers dy’t ûnderskate aspekten fan Fedde Schurer neamden. Aant Jelle Soepboer, dy’t ien fan de sprekkers wêze soe, wie behindere, trochdat syn frou krekt dy dei in lytsen ferwachte. Foarsitter Chris van Hes fan de JFM lies dêrom syn taspraak foar.
Peter Boomsma gie yn op Kneppelfreed doe’t op 16 novimber 1951 de feroardieling fan Fedde Schurer foar it brûken fan it Frysk troch de rjochtbank late ta rebûlje op it Saailân yn Ljouwert, wat úteinlik late ta in bettere rjochtsposysje fan it Frysk.
Skriuwer Willem Schoorstra, fûl sa’t we fan him wend binne, rôp ús op om de striid fan Fedde Schurer fuort te setten. De situaasje fan it Frysk is noch aliten swak: “It Frysk bliuwt in suertsje by de boadskippen.” Hy stelde út om fan de betinking fan hjoed in jierlikse tradysje te meitsjen. Feanster riedslid Betty van der Ven hie it oer de gong fan saken by de ferhuzing fan it byld nei de nije lokaasje.

Betty van der Veen; foto © Jaap Cuperus

Der waarden inkelde gedichten foarlêzen en by einbeslút waard it Frysk folksliet núndere. It folút sjongen mocht spitigernôch net fanwegen koroana.

Wy meie hoopje dat dizze weardige betinking yndied laat ta in nije Fryske tradysje op It Fean sa’t Willem Schoorstra oppenearre. Faaks soe dat kinne yn gearwurking mei de Ried fan de Fryske Beweging, dy’t no al de jierlikse Fedde Schurerlêzing yn Ljouwert organisearret.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

augustus 18, 2020 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.