Fantasyrike Prinsessedagen yn it Prinsessehôf
Resint ferskynd
Sneon 22 en snein 23 augustus is it feest yn museum it Prinsessehôf. De jierlikse Prinsessedei is útwreide mei in ekstra dei, omdat it altyd in sukses is. Bern komme ferklaaid as prinsen en prinsessen, seemearminnen en seemeunsters nei it stedspaleis yn Ljouwert foar in royale middei. Yn it museum en yn de museumtún genietsje se fan toaniel, iis fan in antike iiskokarre, in speurtocht mei in échte skatkaart en ferdwale se yn de optyske yllúzjes yn de Escherkelder. Meidwaan is fergees foar bern. Begelieders meie ek fergees mei op fertoan fan in prins of prinses.
It Prinsessehôf daget alle bern út om yn harren fantasyrykste prinse- of prinsesse-klaaiïng te kommen. As in sjike prinses, spannend seemeunster of superheld-mei-kroan, hoe dan ek, elkenien is wolkom op it feestje. Nei in keninklike ûntfangst yn de paleistún nimme akteurs de bern mei yn in muzikaal ferhaal nei de wrâld fan Prinses Marijke, de echte prinses dy’t yn it stedspaleis wenne hat. Yn de tún genietsje de bern fan spannende ferhalen en iisko fan in antike iiskokarre. Yn it stedspaleis binne de in protte ferskillende dingen te sjen lykas de spannende Escherkelder mei de optyske yllúzje troch Leon Keer! Bern sjogge ek harren eagen út by de spannende tentoanstelling Gezonken schatten, dêr’t se sels mei in echte skatkaart fol seemeunsters op syk geane nei in geheim.
It Prinsessehôf
Midden yn de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert stiet it 18de-iuwske stedspaleis fan Maria Louise fan Hessen-Kassel, prinses fan Oranje Nassau, foarâlder fan Kening Willem-Alexander. Dy prinses wie yn de 18de iuw regintes yn Ljouwert. Hja was sa populêr by de Friezen dat se Marijke Muoi neamd waard, tante Marijke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje