Fan 2024 ôf flugger nei Berlyn en Brussel mei NS

augustus 27, 2020 10:01

Treinreizgers kinne fan 2024 ôf flugger yn Berlyn en Brussel oankomme. De NS wol dat jier op ’e trajekten Amsterdam-Brussel en Amsterdam-Berlyn mei nije treinen ride. Dat moat nei Berlyn in healoere tiidwinst opleverje en nei Brussel liket in healoere winst op de reistiid ek mooglik, seit de NS. De reis nei Brussel duorret no noch twa oeren en 52 minuten, nei Berlyn duorret de treinreis seis oeren en tweintich minuten.

Foto: pixabay.com

De rappere reis nei Berlyn is mooglik troch in bettere tsjinstregeling yn Nederlân en Dútslân, it ferfallen fan de lokomotyfwiksel by de grins en it oerslaan fan de Dútske stasjons Minden en Stendal. Der moatte noch politike besluten nommen wurde oer it ferbetterjen fan de ynfrastruktuer op it trajekt.

Nei Brussel is tiidwinst mooglik trochdat de nije treinen in part fan it trajekt op in topfaasje fan 200 kilometer yn ’e oere ride kinne. De NS bepraat mei de Belgyske ferfierder NMBS oft der mei in ekstra rappe yntercity riden wurde kin. Der wurdt noch sjoen nei it krekte trajekt en de stasjons dy’t de trein oandocht.

augustus 27, 2020 10:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.