Ekstra koroanatestkapasiteit op Skylge
Resint ferskynd
Moarn, 13 augustus, set GGD Fryslân ekstra testkapasiteit yn op Skylge. De reden is dat ferline wike op de jongereincamping Appelhof twa jonges út Noard-Hollân wiene dy’t, doe’t se wer thús wiene, mei it koroanafirus besmet blieken te wêzen. It kin wêze dat se it op de camping fan oaren skipe hawwe en oaren kinne ek troch harren oanstutsen wêze. En dy kinne it firus oerdroegen hawwe op wer oare campinggasten. Dêrom dat GGD Fryslân ekstra wach is en alle jongelju dy’t ferline wike op Appelhof wiene, ek as se wer thús binne, opropt om har by mylde klachten teste te litten.
Ut boarne- en kontaktûndersyk is net nei foaren kommen dat de Noard-Hollânske jonges ek mei guon fan bûten de camping drok kontakt hân hawwe.
Foar elkenien op it eilân, ynwenner of toerist, jildt it advys dat se har oan alle koroanafoarskriften hâlde. Wa’t gjin klachten hat hoecht net fan it eilân ôf. Wa’t wol klachten hat wurdt oproppen om nei de tekstlokaasje te gean. Wêr’t dy is, wurdt noch bekend makke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje