Eksposysje François Lodewijckx & Stefania Napolitano yn Galery Bax Kunst

augustus 6, 2020 08:48

Galery Bax Kunst yn Snits lit fan 8 augustus oant en mei 19 septimber nea earder eksposearre skilderijen, tekeningen en etsen fan de ûnderwilens ferstoarne keunstner François Lodewijckx sjen. Tagelyk debutearret en makket keramiste Stefania Napolitano dêr spesjaal wurk foar de útstalling, basearre op har mei-eksposant.

Wurk fan François Lodewijckx (foto: Bax Kunst)

Commedia dell’Arte
“It wurk fan beide keunstners ferwiist foaral nei it âlde Italië, de tiid fan it teäter en de dreameftige byldzjende keunst út de sechtjinde oant achtjinde iuw. Mar dan fansels wol yn in modern en hjoeddeisk jaske stutsen”, leit kurator Redmer Bax út. “De kombinaasje fan dy keunstners makken wy ferline jier al. Foar Stefania is it de earste kear dat se yn Nederlân eksposearret nei har ferhuzing út Napels wei. In nije en bysûndere útdaging. Wy binne tige optein om fan sneon ôf in eksposysje oan it publyk te presintearjen, dy’t sa goed gearhinget as dizze.”

Skilderijen, tekeningen en etsen
François Lodewijckx (Zierikzee, 1939 – ferstoarn yn 2013) studearre oan de Ryksnormaalskoalle fan 1961 oant 1964 en behelle dêr syn akte MO-A tekenjen. Fan 1964 oant en mei 1966 studearre de keunstner oan it Nationaal Hoger Instituut voor Schone Kunsten yn Antwerpen.

Wurk fan François Lodewijckx (foto: Bax Kunst)

It measte wurk ûntstie út de ferbylding, mei in inkelde tafoeging út de waarnimming wei. Neist in sterke tematyske bûnens (minske, bist en fermidden) waard hieltyd materiaalûndersyk dien. Kombinaasjes fan materialen en techniken waarden ûndergeskikt makke oan it tema. Dat materiaalûndersyk late ta hiel eigen prosedees, lykas houtskoalprint mei gombatik. De struktuer fan de ûndergrûn wie tige beskiedend foar it einresultaat.

Der waard wol sein dat François Lodewijckx fertolker wie fan in dreamwrâld dêr’t minske en bist sintraal yn stean. Hy lit in grut ferskaat oan techniken sjen by in tige trochtocht en gefoelich kleurgebrûk. Fan likernôch 1963 ôf eksposearre François Lodewijckx geregeld yn binnen- en bûtenlân.

 

Wurk fan Stefania Napolitano (foto: Bax Kunst)

Keramyk
Stefania Napolitano is in Italiaanske keunstneresse, berne yn Schaffhausen (Switserlân) yn 1972 en opgroeid yn Napels, dêr’t se ôfstudearre oan de keunstakademy SS Apostoli.

Hja ferbûn har fuortdaliks mei keramyk en realisearre har dat it foarmjaan fan it materiaal har de mooglikheid jaan koe om har hiele artistike wrâld ta utering te bringen. Hja folge jierrenlang lessen fan master-keramisten yn Florence, Caserta en Napels, dêr’t se de kennis fan komplekse techniken en details fan foarmen en dekoraasje, lykas platen, kolombino en draaibank fierder ferfynje koe.

De keramyk brocht har derta har gefoelichheid en kennis út te drukken, en troch te eksperimintearjen kaam se ta in tige persoanlike en ferfine styl, dêr’t se it natuerlike materiaal by foarmjout mei in bysûnder omtinken foar kleuren.

Har wurkûnderfining die se foaral op yn Napels (foar har in grutte en einleaze boarne fan ynspiraasje), mar yn Ierlân, Meksiko en yn Burundi die se ek ûnderfiningen op dy’t har kennis en inerlike wrâld fergrutte hawwe. Sûnt 2019 wennet en wurket Stefania yn Nederlân.

Oankeapen
Klanten kinne de keunstwurken keapje en fuortdaliks út de eksposysje wei meinimme. Der is fan de keunstners ekstra wurk beskikber, sadat der gjin lege plakken ûntstean.

www.baxkunst.nl

augustus 6, 2020 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.