Ekspedysje lepra

augustus 13, 2020 08:56

Kinne wy yn ’e bestriding fan in nije pandemy lessen út de skiednis lûke? Bygelyks út de skiednis fan lepra? In spesjale útstjoering fan De Kennis van Nu, it wittenskipsprogramma fan de NTR, smyt dy fraach op nei oanlieding fan in bysûndere ekspedysje nei Suriname.

Foto: NTR

Epidemyen, lit stean pandemyen, liken lang fier fuort. In pandemy klinkt as eat fan eartiids, mar nije farianten fan sykten stekke noch hieltyd de kop op. Tink oan AIDS, SARS en Zika. Ien fan de oarsaken fan it oanboazjen fan in nije sykte is dat minske en bist te ticht opinoar wenje. By koroana, de pest en eboala blykt de oarsaak faak yn de oerdracht fan bist op minske te lizzen. By lepra is de stelling dat de sykte fan minske op minske oerdroegen wurdt. Dat boadskip wurdt oerdroegen troch de WHO. Mar doocht dat boadskip wol? Noch hieltyd krije likernôch 200.000 minsken alle jierren de diagnoaze lepra. Hoe kin dat as der in wurkjend medisyn is en de sykte inkeld fan minske op minske oerdraachber is?

Toine Pieters, heechlearaar wittenskipsskiednis, wie fassinearre troch dy fraach en gie yn Suriname op syk nei de leprabaktearje. Mei dermatolooch Henk Menke, patolooch-anatoom Georg Maat, ymmunolooch Annemieke Geluk en ynternist en ynfeksjolooch Jaap van Dissel socht er nei de oarsprong fan de leprabaktearje. Hoe ferrint de oerdracht fan de sykte? En hoe is de leprabaktearje yn Suriname bedarre?

Filmmakker Boris Everts reizge mei nei Suriname en lei de ekspedysje fêst. De Kennis van Nu fertelt it ferhaal oer dy bysûndere ekspedysje dy’t nije ynsjoggen oplevere hat oer de transmisje fan lepra. Kennis dy’t boppedat ek weardefol is foar it bestriden fan nije sykten, lykas koroana.

Besjoch de útstjoering.

augustus 13, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.