Edukaasjeprogramma ‘Noorderlicht’

augustus 28, 2020 08:53

It Noorderlicht Ynternasjonaal Fotofestival 2020 Generation Z wurdt holden op It Hearrenfean en yn Grins. Museum Belvédère is gastlokaasje mei in eksposysje yn ’e westfleugel, in presintaasje yn Museumpark Bûten Oranjewâld en in duo-útstalling yn ’e dependânse Afslag BV. 

Foto: Museum Belvédère

Studinten fan de oplieding fotografy fan Noorderpoort út Grins rinne staazje by Noorderlicht. Hja binne oan ’e slach gien om aktiviteiten te betinken foar de besikers (jong en âld) fan it festival.

Podcast Zoomers & Boomers
Yn in podcast wurde ferskate ûnderwerpen besprutsen nei oanlieding fan wurk út de útstalling yn Museum Belvédère. Alle wiken geane twa minsken út ferskillende generaasjes mei-inoar yn petear om te ûndersykjen oft de ferskillen no echt sa grut binne. By it festival wurdt alle freeds om 11.00 oere hinne in nije ôflevering online set. Dy ôfleveringen kinne beharke wurde by it sjen nei de útstalling yn Museum Belvédère en brûkt wurde as alternatyf foar in rûnlieding. De podcast Zoomers & Boomers is te finen op Anchor FM en te beharkjen fia û.o. Spotify en Google Podcasts en de fideo-opnamen binne te finen op YouTube.

Foto: Museum Belvédère

Clipboard
Alle sneonen, 13.00 – 15.00 oere; dielnimmen is fergees, oanmelden net nedich.

Yn dit wurkatelier kinne âlde en nije oantinkens ophelle wurde. Yn twatallen wurkje jong en âld mei-inoar en meitsje se in kollaazje. Dêrfoar wurde ôfbyldingen brûkt fan foarwerpen fan eartiids en no. Der binne hûnderten ôfbyldingen dy’t brûkt wurde kinne. Elkenien ken wol wat werom of hat wol earne in ferhaal by. de dielnimmers krije in foto fan de kollaazje mei nei hûs ta.

Stânpunt
Alle woansdeis, 13.00 – 15.00 oere; dielnimmen is fergees, oanmelden net nedich.

Stânpunt is in spul dat betocht is om yn petear te gean oer ûnderwerpen dy’t de ferskillende generaasjes dwaande hâlde nei oanlieding fan wurk dat yn ’e útstalling te sjen is. Der binne fakken opsteld dy’t in miening fertsjintwurdigje fan ‘hielendal iens’ oant ‘hielendal ûniens’. Dêrnei geane de dielnimmers op boartlike wize mei-inoar yn petear. De studinten lizze in stelling foar en elkenien kiest in fak om yn stean te gean.

Te sjen yn Museum Belvédère:
Elena Aya Bundurakis | Els Zweerink | Ine Lamers | Jan Stradtmann | Lavinia Xausa | Lena Kuzmich | Lisandro Suriel | Madeline Swainhart | Nadine Stijns & Amal Alhaag | Nael Quraishi | Oktawian Jurczykowski | Ra Solaris | Sebastian Steveniers | Sydney Rahimtoola | Tanya Klimovich | Tasio Bidegain | Tommy Smits & Daniel Dmyszewicz | Verena Blok | Viktor Naumovski | Pilvi Takala | Kelvin Haizel | Guus Voorham | Imagining Science: Robin Alysha Clemens.

Mear ynformaasje oer de eksposysje.

Foto: Museum Belvédère

Te sjen yn it Museumpark:
Noorderlicht hat in iepen studinte-oprop dien foar it Ynternasjonaal Fotofestival Generation Z. Wrâldwiid waard oan studinten fisuele media frege om yn ien byld utering te jaan oan de ynfloed fan de koroanakrisis op harren libben. Dat levere mar leafst 144 ynstjoeringen út 37 lannen op. Dy takomstferwachtingen fan ien generaasje wurde allegear útstald yn it Museumpark.

Te sjen yn Afslag BLV
Wurk van Martine Stig en Sheng-Wen Lo. Besykadres: Minckelersstrjitte 11, It Hearrenfean. De tagong is fergees.

Mear ynformaasje oer de eksposysje.

augustus 28, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.