Eaststellingwerf bereint sportfjilden automatysk

augustus 7, 2020 11:52

Fjouwer sportkompleksen yn Eaststellingwerf hawwe in automatyske bereiningsynstallaasje krige. It giet om alle sportfjilden yn Easterwâlde en de haadfjilden yn Appelskea, Donkerbroek en Haulerwyk. Dy kinne tenei jûns of nachts bereind wurde. Om in goede gersmatte te hâlden moasten dy fjilden de lêste jierren faak bereind wurde. Dat moast oerdei troch frijwilligers dien wurde en dat naam in soad tiid yn beslach. In neidiel wie ek dat it wetter ûnder it reinen fuort wer ferdampte.

Tongersdei hat wethâlder Fimke Hijlkema de ynstallaasje yn Easterwâlde offisjeel oanset. “Duorsumheid is yn ús gemeente in belangryk tema. De kar foar dizze ynstallaasjes is dan ek logysk. De lêste jierren wurde de waarsomstannichheden ekstremer. Drûge en waarme perioaden wurde soms ôfwiksele mei fûle reinbuien. Mei it automatysk bereinen fan de sportfjilden kin better op dy klimaatferoaring ynspile wurde”,  seit de wethâlder.

Wethâlder Hylkema by sportpark Oostenburg (foto: Gemeente Eaststellingwerf)

Automatysk bereinen wurdt mei de kompjûter oanstjoerd. It systeem kin sa ynsteld wurde dat it jûns en nachts wurket, sûnder dat dêr frijwilligers foar ynset wurde hoege. Sa wurdt der effisjinter mei wetter en tiid omgien.

augustus 7, 2020 11:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.