Earste arrestaasjes om eksploazje Beiroet

augustus 7, 2020 09:18

De Libaneeske autoriteiten hawwe sechtjin minsken arrestearre yn it ûndersyk nei de eksploazje yn ’e haven fan Beiroet, skriuwt it steatsparseburo.

Strjitsje yn Beiroet (foto: pixabay.com)

Yn totaal binne achttjin minsken ûnderfrege oer de ûntplofte loads dêr’t in grutte hoemannichte ammoaniumnitraat yn opslein lei. Neffens in wurdfierder fan de militêre rjochtbank giet it om dûane-amtners, havenmeiwurkers en ûnderhâldsmeiwurkers. Under de arrestanten soe ek de topman fan de haven wêze. Der is ek omtinken foar in eardere minister fan publike wurken, dy’t yn funksje wie doe’t in skip út Georgië yn 2013 mei de lading ammoaniumnitraat yn Beiroet strâne.

De havenbaas seit dat der ferskate fersiken yntsjinne binne by justysje om de stoffen te ferpleatsen, mar dat der neat barde. Hja krigen neffens him it boadskip dat de lading feile wurde soe, mar dat soe nea bard wêze. De bankrekkens fan de havenbaas en fan it haad fan de dûane en syn foargonger binne troch de sintrale bank fan Libanon beferzen, berjochtet in anonime boarne oan parseburo AP. Dêrnjonken hat in ûnbekend oantal amtners húsarrest.

It wie tongersdeitejûn in skoft ûnrêstich yn Beiroet. Deunby it parlemintsgebou smieten anty-regeardemonstranten mei stiennen en stutsen se foarwerpen yn ’e brân. Dêr soene guon by ferwûne rekke wêze. De demonstranten sjogge de ramp as it gefolch fan falend belied fan it regear.

augustus 7, 2020 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.