Dynamyske Delta: Waadkust gastregio foar Lânskipstriënnale 2023

augustus 7, 2020 09:02

De nasjonale Lânskipstriënnale komt yn 2023 nei it Waadgebiet. Dat hawwe it bestjoer en de advyskommisje fan de stifting Lânskipstriënnale op 21 july lêstlyn bepaald.

Ofbylding: Common Ground Common Sense

Om de trije jier wurdt de Lânskipstriënnale earne yn Nederlân organisearre. De oare kandidaatregio’s wiene: Middengebiet Súd-Limburch, Griene Hert, Swol / Spoarsône. Under de titel Dynamyske Delta wurde de skynwerpers op de Waadkust set. Wichtige oanlieding om yn 2023 de Lânskipstriënnale by de Waaddyk lâns te hâlden, is de nije dykferswierring dêr’t dan mei begûn wurdt.

De Lânskipstriënnale is in manifestaasje op basis fan in fleksibel format mei eksposysjes, seminars, debatten, ekskurzjes, optredens en oare gearkomsten, rjochte op ferline, hjoed en takomst fan it Nederlânske lânskip. De triënnale is om de trije jier yn in oare regio te gast, sadat hieltyd de fokus lein wurde kin op spesifike opjeften, ûntjouwingen en tema’s. Doel fan de Lânskipstriënnale is de maatskiplike belutsenheid by it ferbreedzjen fan it lânskip, it ferdjipjen fan ynsjoggen en it ferhastigjen fan ûntjouwingen. Dat wurdt realisearre troch ûnder oare ûndersyk, ynnovaasje en ferbylding en it stimulearjen fan inisjativen.

Foto: Jonathan Doornenbal/Sense of Place

Dynamyske Delta, de Lânskipstriënnale 2023, hat trije programmalinen: Waadbelibbing, Waadplatfoarm en Waadlaboratoarium. Waadbelibbing fertelt it ferhaal fan 2500 libben op ’e grins fan wetter en lân. By de Waaddyk del, yn it lânskip en yn alle monuminten komme ynstallaasjes en útstallingen dy’t it ferhaal fan de Dynamyske Delta ferbyldzje. Dat giet oer de skiednis fan diken, terpen, lânoanwinning, polders, oer de minsken dy’t it gebiet makke hawwe ta wat it no is. Mar it draait yn de Waadbelibbing ek om de opjeften en kânsen dy’t it libben op ’e grins fan wetter en lân meibringe.

Waadplatfoarm is in 220 kilometer lang dynamysk platfoarm foar ynnovaasje. Op alle plakken oan de dyk dêr’t in relevante ûntjouwing is, komt in poadium foar dialooch. In breed skala oan ûnderwerpen komt foarby: dykfersterking, sâlte tylt, lânboutransysje, lânoanwinning, sirkulêre lânbou, enerzjyneutrale doarpen, wetterbewuste maatskippij, trekfûgel-flyways, fiskmigraasje, nachtbelibbing, duorsum toerisme en alle oare tema’s dy’t yn de Dynamyske Delta spylje.

Op ferskate plakken oan de dyk komme laboratoaria foar ûntwerpend ûndersyk. Dêr geane de kennispartners, ekonomyske dragers, maatskiplike organisaasjes en boargerinisjativen oan ’e slach mei de takomst fan de Dynamyske Delta. Waadlaboratoarium is in iepen programma. Bewenners bringe urginte opjeften nei foarren en geane deroer gear mei profesjonals. Yn gearwurking mei de provinsje Seelân wurdt in ûntwerpend ûndersyk nei klimaatlânskippen dien.

De universiteit fan Lund (Sweden) en hegeskoalle NHL Stenden presintearje Ekspedysjes nei it Lânskip, ûntwerpend ûndersyk nei in adaptive en wetterbewuste maatskippij. Der komme Future Labs, dy’t romtlik, sosjaal, ekonomyske en kultureel de takomst ferbyldzje. It hiele jier troch sille der aktiviteiten wêze yn it ramt fan de Lânskipstriënnale, by de Waaddyk del fan Den Helder oant Delfsyl. It swiertepunt fan it programma sil yn septimber 2023 lizze. It hert fan de manifestaasje komt yn ’e gemeente Noardeast-Fryslân te lizzen, om Blije hinne, dêr’t de bewenners de Terp fan de Takomst ferrize litte sille.

Yn ’e mande mei de gemeente Noardeast-Fryslân, Wetterskip Fryslân en LF2028 en mei belutsenheid fan kulturele, maatskiplike en kennispartners yn it gebiet, is in foarstel foar de Lânskipstriënnale 2023 ûntstien. It foarstel is makke troch in kearntiim besteande út Els van der Laan, Jan van der Weij, Sjoerd Wagenaar en Oeds Westerhof, dêrta stipe troch de provinsje. Yn it seizoen 2020-2021 wurdt in fierdere útwurking fan it programma makke, mei partners út Noard-Hollân, Grinslân en Fryslân.

Taheakke: struibrief Dynamyske Delta.

augustus 7, 2020 09:02
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Inne Bilker augustus 7, 19:14

    Ferskynt der ek in nijsbrief yn de kommende tiid? Fan de lânskipstriënnale,bedoel ik

  2. redaksje augustus 7, 20:20

    Wy hawwe jo niiskrekt in struibrief fan Dynamyske Delta tamaild. De organisaasje sil yn ’e rin fan ’e tiid grif mei nijs komme, mar oft der ek in nijsbrief ferskynt, witte wy net. Dat soene jo de organisaasje freegje kinne.

    Redaksje It Nijs

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.