Duorsume fytsrûte Súdlike Wâlden

augustus 1, 2020 09:23

De gloednije fytsrûte troch de Súdlike Wâlden fan Fryslân giet net allinne troch in moaie regio, mar ek by in tal adressen lâns dêr’t op duorsume wize iten produsearre wurdt. Juster krige wethâlder Mariska Rikkers-Oosterkamp fan Weststellingwerf de rûte oanbean troch Monique Plantinga, dy’t dat die út namme fan de Fryske Miljeufederaasje, de inisjatyfnimmer. 

Wethâlder Rikkers (*rjochts) kriget de rûtekaart fan Monique Plantinga (Fr. Miljeufederaasje)

Wethouder Rikkers: “De fietsroute zet zowel onze lokale streekvoedselproducenten als de mooie regio op de kaart. We zien steeds meer belangstelling voor lokaal en duurzaam geproduceerd voedsel. Nu veel mensen dit jaar vakantie in eigen land vieren, is er ook meer vraag naar leuke fietstochten. In het fietsrondje Zuidelijke Wouden komt dit prachtig bijeen. Ik ga de route deze zomer zeker fietsen.”

De rûte is 66 kilometer lang, mar hy kin ek oant 55 km ynkoarte wurde. Hy giet ûnder mear by de Koepelbosk (Aldeberkeap), de Spûkedobbe (Noardwâlde) en in stikje fan de Fryske Wetterliny (tusken De Kúnder en Fryske Peallen) lâns en docht sa by ferskillende biologyske produsinten oan lykas Tsiispleats De Langelaan, Fruithôf De Struikrover en hofkerij De Kloostertuin. De komplete rûte kin fan it ynternet helle wurde (www.eetbaarfryslan.frl/streekzomer). Dêr binne mear fytsrûten te finen.

Monique Plantinga follet oan: “Deze fietsroute is een van de vijf Lekker Dichtbij Streekzomer fietsroutes door Friesland. De routes zijn onderdeel van de campagne De Friese Voetafdruk. Vanuit die campagne bieden we inspiratie om te komen tot een duurzamere levensstijl en een kleinere ecologische voetafdruk. Vakantie vieren op de fiets in eigen land en kopen van lokaal duurzaam voedsel draagt hier goed aan bij.”

By Ruben Abma yn Fruithof De Struikrover

augustus 1, 2020 09:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.