Direkte trein nei Londen rydt fan ein oktober ôf

augustus 25, 2020 09:44

Fan 26 oktober ôf ride der streekrjochte treinen fan Amsterdam en Rotterdam nei Londen. De Eurostar rydt dan twa kear deis tusken de stêden, mei in stop yn Brussel. Ut Amsterdam wei is de reistiid in bytsje langer as fjouwer oeren, út Rotterdam wei 3,5 oere.

Foto: Wikipedia/Nicky Boogaard – CC BY-SA 2.0

De komst fan in streekrjochte treinferbining nei Londen is in pear kear útsteld. De lêste neistribbe datum wie 30 april. Troch koroana moast NS langer op ’e start wachtsje, mar it bedriuw ferwachtet dat it tal ynternasjonale reizgers stadichoan wer tanimme sil. Mei’t Grut-Brittannië net by it Schengengebiet heart, binne op ’e stasjons fan Amsterdam en Rotterdam spesjale hallen boud foar kaart- en ID-kontrôles. Reizgers wurdt frege om sa’n trije kertier foar it fuortgean oanwêzich te wêzen.

Grut-Brittannië is nei België, Dútslân, Switserlân en Frankryk it fyfde lân dêr’t treinreizgers út Nederlân streekrjocht hinne reizgje kinne.

augustus 25, 2020 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.