Deenske keunstneresse Sissel Marie Tonn yn Keunsthûs SYB

augustus 30, 2020 08:53

De measte minsken witte wol dat plestik in grut gefaar is foar de sûnens fan de oseanen en fiedselstringen. Mar beseffe wy ek dat de minske sels miskien wol it meast oan plestik bleatsteld wurdt?

Wurk fan Sissel Marie Tonn (boarne: Keunsthûs SYB)

Dizze moanne ferwolkommet Keunsthûs SYB yn Beetstersweach de Deenske keunstneresse Sissel Marie Tonn. Yn har praktyk ûndersiket hja de komplekse gewoanten dêr’t minsken har omjouwing mei waarnimme en ferwurkje. Har wurk draait om de fraach dy’t ek de kearn foarmet fan it ekologysk tinken: Wêr einiget ús lichem, en begjint de omjouwing?

Yn SYB wurket de keunstneresse oan “Becoming a Sentinel Species”. Dat projekt fiert hja út yn oparbeidzjen mei Heather Leslie (Fakulteit Bètawittenskippen, Environment & Health, VU Amsterdam) en Juan Garcia Vallejo (Fakulteit Bètawittenskippen, VU). Hja kombinearret wittenskiplik ûndersyk mei in spekulative artistike strategy, dêr’t de minske yn foarsteld wurdt as in ‘kanarje yn in koalemyn’ (sentinel species) – yn in omjouwing fan mikroplestik. Mei it projektútstel wûn hja earder fan ’t jier de BAD-prijs (Bio Art and Design Award). Mei in ploech fan wittenskippers en dûnsers/goreografen, wurket hja tusken augustus en desimber fan dit jier oan de útfiering dêrfan. In part fan har ûndersyk docht hja op ’e Sweach. Op 13 septimber 2020 presintearret hja it projekt as wurk yn útfiering (work-in-progress) yn in einmanifestaasje yn Keunsthûs SYB. De úteinlike fideo-ynstallaasje wurdt op 11 desimber 2020 yn kombinaasje mei it wurk fan de oare BAD-priiswinners útstald yn MU, Eindhoven.

It projekt
“Becoming a Sentinel Species” ferkent it fenomeen mikroplestik troch it konsept fan “sentinel species” (letterlik: skyldwachtsoarten, of bisten dy’t brûkt wurde om feroaringen yn de omjouwing en mooglike gefaren waar te nimmen foardat minsken dat kinne – ek wol bekend as ‘kanarjes yn in koalemyn) op ’e nij te besjen. In tinkbyldich tiim fan ûndersikers nimt de taak op him om sels in skyldwachtsoarte te wurden troch de gefoelichheid fan it eigen lichem foar it bleatsteld wêzen oan mikroplestik te ûndersykjen.

Hoewol’t ús lichem foar in grut part út wetter bestiet, hawwe de sellen yn ús lichem ek hydrofobe (wetterfrjemde) dielen, ferburgen yn de selmembranen. Ymmúnsellen hawwe leard om alaarm te slaan sagau’t der oare dielen ynkomme dy’t hydrofoob binne. Troch it opnimmen fan wetter krije minsken ek (mikro)plestik yn it liif, en omdat plestik tige hydrofoob is, kin it in alaarmreaksje feroarsaakje. De ûndersikers yn it projekt ûntwikkelen dêrom in eksperimentele metoade om sa’n reaksje fan harren eigen ymmúnsellen út te lokjen mei mikroplestikdieltjes. Dy alaarmsinjalen, gemyske sinjalen fan de sellen yn de foarm fan sytokinen, koene hja dêrnei ‘rispje’. Mei it op ’e nij opnimmen fan dy sytokinen soene dan hallusinaasjes ûntstean dy’t de skiednis fan it wetter en in weromgean nei ús mienskiplike oarsprong yn de oersee oproppe.

It wurk fan Sissel Marie Tonn sil de foarm krije fan in fideo dy’t de oankommende ‘skyldwachten’ folget wylst se dy ymmunologyske en hallusinearjende reaksjes op de hydrofobe mikroplestiks ûndersykje. Dy laboratoariumferkenningen wurde holden op de ôfdieling Ymmunology en de ôfdieling Miljeu en Sûnens fan de Frije Universiteit (VU, Amsterdam) mei help fan in rige tinkbyldige ‘wearables’ dy’t de keunstner makke hat foar it ûntwikkeljen fan makrofagen (de ‘smoargens-itende sellen fan ús ymmúnsysteem’), ôfkomstich út har eigen bloed. Sketsen, dielen fan de wearables en de tariedingen foar de fideo wurde yn de einpresintaasje op 13 septimber yn SYB toand. Oant dy tiid ta iepenet Tonn de doarren fan har wurkromte yn de wykeinen, fan 13.00 oant 17.00 oere, fan 29 augustus ôf.

Sissel Marie Tonn wennet en wurket yn De Haach. Hja hat in bachelor yn Film en Media-studies behelle oan de Universiteit fan Kopenhagen en sleat yn 2015 in master yn Artistyk Undersyk ôf oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach. Yn 2016 krige hja de Theodora Niemeijer-priis foar opkommende froulike keunstners, wat late ta har earste solotentoanstelling yn het Oog yn it Van Abbemuseum, Eindhoven. Yn 2017 – 2018 wie hja residint oan de Jan van Eyck Academie yn Maastricht. Yn 2019 krige hja de talintûntwikkelingsbeurs fan it Stimuleringsfonds NL. Har wurk is fakenfolle yn Nederlân en ynternasjonaal toand, koartby noch op de Istanbul Design Biënnale (2018), Ballroom Marfa (2018) en it Kikk Festival yn Namen (2019).

augustus 30, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.