Deaden troch orkaan Laura yn Feriene Steaten

augustus 29, 2020 10:34

Yn ’e Feriene Steaten is it deadetal troch orkaan Laura oprûn fan seis nei fjirtjin. Mei wynfaasjes oant sa’n 240 kilometer yn ’e oere luts de orkaan oer de súdlike steaten Teksas en Louisiana en rjochte in protte skea oan.

Foto: pixabay.com

De measte minsken kamen om troch koalmonoksidefergiftiging nei’t se generatoaren yn ’e hûs set hiene om stroom mei te winnen. Der kamen ek fjouwer minsken om it libben troch in beam dy’t op harren hûs foel en in man ferdronk nei’t syn boat yn ’e stoarm sonken wie.

De kategory 4-orkaan wie de swierste dy’t sûnt orkaan Katrina yn 2005 oer Louisiana luts. Neffens gûverneur John Bel Edwards sitte yn syn steat noch in heal miljoen minsken sûnder elektrisiteit en binne tsientûzenen minsken op ’e flecht slein.

Sa’n 220.000 húshâldens sitte sûnder wetter. It kin noch wiken en yn guon gefallen moannen duorje foar’t dat ferholpen is. Edwars hat it federale regear om finansjele help frege. Presidint Trump reizget sneon nei de troffen steaten om de skea op te nimmen en minsken te moetsjen dy’t troffen binne troch de orkaan.

Yn Haïty en de Dominikaanske Republyk kamen earder al 31 minsken om it libben troch Laura.

augustus 29, 2020 10:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.