De trageedzje fan Israel
Resint ferskynd
Oertinking by Romeinen 9,1-5 (de epistellêzing fan dizze snein)

Rembrandt van Rijn, de Apostel Paulus
It kin hast net oars as it byld dat Israel sjen lit, deart ús oan. It folk, sa tamtearre, sa ferfolge, en gauris omtrint alhiel útmoarde, hat nóch de rêst en de frede net fine kinnen. En dat is it folk dat fan âlde tiden ôf oan sokke skoandere beloften hawwe mocht, dat in libbene en fleurige takomst foarsein wie, en dat sels ta seine wêze soe foar de hiele minsklike mienskip.
Paulus hat it der swier mei. It kin net oars as dy’t mei Paulus yn ’e mars nei de grutte takomst rint, mei him lijt fanwege Israel. Dy wit dat dat Joadske folk it folk wie dêr’t de Kristus út berne waard. Is it it folk dêr’t de grutte Soan fan sa’n seine beskikte oer alles wat libbet, ek oer ús.
Sa djip grypt de trageedzje Paulus oan dat er sels op in hiel oare wize nochris foarlibbet wat dat folk foar it minskdom belibbe hat en belibbet. Hy seit is sa: “Ik soe sels wol by Kristus wei ferballe wurde wolle, as myn folk mar Syn frede en Syn takomst fûn.” Sa sprekt de echte Israelyt, de apoastel Paulus, want dat wie wurd en died fan de Master sels: stjerre, dat oaren libje, lije om oaren te genêzen.
ds. Pieter Miedema
Oernommen út Us dagen binne yn Syn hannen, De Tille 1977
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje