De Alde Feanen

augustus 8, 2020 19:38

Toeristyske tip

Alle freeds en sneons, oant ein augustus, fart der in flústerboat fan de organisaaje Wartenster troch it prachtige gebiet fan De Alde Feanen. Dit ferhaal giet oer de skimertocht, dy’t troch dat nasjonaal park giet.

It begjint by it Hotel Princenhof yn Earnewâld sa tusken 20.30 en 21.00 oere. It gebiet is tige grut mei marren, lytse farwegen by de reidlannen, moerasssen en feangebieten del. Underweis leit de skipper fan de oarspronklike boerepraam alderhande bysûnderheden út oer it gebiet, mar ek oer de skiednis, de bewenners en de natuer mei syn planten en fûgels en dêrneist oer de huzen op it fêstelân en oan it wetter. En tagelyk ek oer al de pommeranten dy’t dêr in twadde hûs hawwe of hiene. It wetter hat in bêste kwaliteit. Skjin en helder, dat men kin ferskillende soarten bisten yn en boppe it wetter sjen. Sels de otter libbet hjir al mear as njoggen jier.

Fansels is dit part gaadlik foar wettersport. Simmerdeis binne der in soad minsken op de campings, yn de fakânsjehuzen en mei de boat. De befarberens is de lêste jierren tige ferbettere. It moaie fan sa’n tocht is ek dat as stadichoan de sinne sakket efter de kym mei al syn  swide kleure, dat it in mooglikheid jout om spektakulêre foto’s te meitsjen.

De Alde Feanen. Foto © Matthijs Verkuijl

Der binne mear mooglikheden om sa’n tocht te organisearjen. Wy hiene it fia info@puurprince.nl besprutsen yn kombinaasje mei wat iterij yn ’t foar op it terras fan it restaurant. Underwilens kamen der in protte boaten en kano’s lâns, dat it siet dêr tige noflik en smûk…

It gebiet fan De Alde Feanen is fansels foar kuierders en fytsers ek de muoite wurdich. By it besikerssintrum De Wiidpleats kin men in soad ynformaasje krije oer de ferskate mooglikheden fan ûntspanning en aktiviteiten, ek foar bern. Op www.itfryskegea is in oersjoch te lêzen oer de natuer mei al syn fariaasjes.

Koartsein, in echte oanrieder yn ús provinsje.

Matthijs Verkuijl

augustus 8, 2020 19:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.