De 11 fan De Jouwer

augustus 24, 2020 08:19

Op snein 6 septimber sil Benno Tuinstra (38) alve kilometer swimme foar de Maarten van der Weijden Foundation. De start fan de swimtocht is op ’e Jouwer en de rûte einiget yn Broek. Benno, sels troffen yn 2012 troch in dwerslaesy, swimt de tocht om ferskate redenen.

Benno Tuinstra (foto: Anne Marije Abma)

Benno stie ferline jier by de einstreek fan de swimalvestêdetocht yn Ljouwert, dêr’t Maarten van der Weijden de wurden spruts: “Soms moat men eat twa kear besykje, foar’t it slagget.” Dy wurden rekken Benno, want yn 2012 sloech by him it needlot ta. Benno rûn in parsjele dwerslaesy op. It wie derop of derûnder. It toande it wiere karakter fan Tuinstra, opjaan wie gjin opsje. Trochsette oant it wol slagge, wie foar him it nije normaal. Sa hat er opnij leare moatten te rinnen, fytsen en swimmen. Dat is allegear slagge, al sil it him altyd mear muoite kostje.

Benno soe dit jier ek meiswimme mei de swimalvestêdetocht, mar koroana smiet roet yn it iten. Yn de tarieding nei dat evenemint wiene de sponorjilden al krigen, mar om dy no ‘samar’ te donearjen sûnder tsjinprestaasje, wie net oan Benno bestege.

Dêrom hat Benno de 11 fan De Jouwer betocht: alve kilometer swimme fanwegen de alve stêden dy’t Fryslân ryk is. Op snein 6 septimber moat it barre. In drege tarieding moat útrinne op in wiere slitaazjeslach en de einstreek, mar “dit is neat neffens de striid dy’t in protte minsken troch dizze sykte meimeitsje moatte”, seit Benno.

De Maarten van der Weijden Foundation sammelet jild yn foar kankerûndersyk. In goed doel dat Benno net sûnder reden in waarm hert tadraacht.

Wa’t Benno oanmoedigje wol, kin dat dwaan: om 14.00 oere set er útein yn De Kolk op ’e Jouwer. Ferwachte wurdt dat er om 15.30 oere hinne by sylskoalle Rufus is, om 18.00 oere by de Klokkestoel yn Goaiïngaryp en 20.00 oere oer de einstreek komt by it brechje yn Broek. Hâld instagram.com/de11vanjoure yn ’e gaten foar it lêste nijs. Donaasjes oan de 11 fan De Jouwer binne wolkom fia www.doneeractie.nl/de-11-van-joure/-44974 of oermakke wurde op rekkennûmer NL34RABO0389071099 û.f.f. de 11 van Joure en stypje de Maarten van der Weijden Foundation.

augustus 24, 2020 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.