CoronArt, ympresjes fan in lockdown

augustus 9, 2020 08:51

Ynienen siet elkenien thús. Fan 15 maart ôf waard Nederlân hurd konfrontearre mei it Covid-19-firus, oftewol koroana. De parsekonferinsjes waarden troch miljoenen besjoen en skruten waard ôfstân holden. Dat sa’n bysûndere situaasje wat mei minsken docht, is dúdlik. Wat dat krekt by byldzjend keunstner Erik de Boer teweibrocht hat, lit er sjen yn syn útstalling CoronArt.

‘De stamgast’ (fragmint) fan Erik de Boer

De wurken binne basearre op de stream oan bylden dy’t ynienen yn ús libben ferskynden. Lykas wurch soarchpersoniel of komplottheoryen dy’t wrâldwiid omtinken krigen. Hoe’t de lockdown ús libben beynfloede hat, hat in ynspiraasje foar de bylden west. Foar syn wurken hat De Boer ferskate materialen brûkt, lykas papier masjee, glês, hout en pypskom. Njonken nij wurk is by CoronArt ek earder makke wurk te sjen, dat kwa byld en boadskip goed by it tema oanslút.

De eksposysje CoronArt is freeds o/m sneins, fan 13 oant 17 oere fergees te besytsjen yn it Slúsfabryk yn Drachten.

Iepeningswykein
Op 15 en 16 augustus is fan 10 oant 17 oere it Slúswykein yn it Slúsfabryk in spesjale iepening fan de eksposysje mei muzyk, poëzij en in grutte boarterstafel foar de bern. De ateliers fan de oare keunstners yn it gebou binne ek te besichtigjen en der is noch folle mear moais.

Oer Erik de Boer
Erik de Boer (1991) is hikke en tein yn Drachten. Mei woartels yn de Fryske klaai en it Drachtster fean makket De Boer ferskate wurken. Hy hellet syn ynspiraasje út it Fryske lânskip en persoanlike barrens en situaasjes. Syn wurk wurdt skaaimerke troch abstraksje mei figurative eleminten. De Boer wurket graach mei net-wenstige materialen. Sa hat er ferskate assemblaazjes makke mei guod út omrinwinkels. It spontane en it eksperimintele binne in reade tried yn syn oeuvre.

Nei syn ôfstudearjen oan de performance-oplieding yn Ljouwert yn 2015, makke er ferskate produksjes. Syn byldzjend wurk hat earder te sjen west by LF2018 yn it Slúsfabryk, Fakwurk Burgum, Blokhúspoarte Ljouwert, in protte galerys en op it stuit wurdt syn wurk nei Parys en Düsseldorf útstald yn it Hilton Hotel yn Londen.

Oer de lokaasje
De eksposysje stiet yn ien fan de grutte fabrykshallen fan it ymposante eardere masinefabryk NV Sluis, ek wol it Slúsfabryk neamd. It is in mienskiplik monumint fan Drachten. It Slúsfabryk is koartlyn in kultureel briedplak wurden, dêr’t tal fan keunstners atelier hâlde. Der wurde ek saaklike gearkomsten en kulturele eveminten holden.

Yn it Slúsfabryk jilde ek de rjochtlinen fan it RIVM. Dêr moatte de besikers rekken mei hâldei.

CoronArt is fan 15 augustus o/m 13 septimber 2020 te sjen.
Adres: Slúsfabryk, Tuskendjippen 6, 9206 AD Drachten

erikdeboerart.com | instagram.com/e.d.deboer | facebook.com/erik.kunstenaar

augustus 9, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.