Bureau Schmidt is haadsponsor Team FrySk

augustus 26, 2020 08:13

Bureau Schmidt is de kommende twa jier haadsponsor fan Team FrySk. It logo fan it yngenieursburo stiet fan septimber ôf op it tenu fan it Fryske reedriderstiim. Shanti Faber, bedriuwslieder by Bureau Schmidt en Sake Saakstra, bestjoerslid by Team FrySk, setten juster de hantekening ûnder it kontrakt.

Shanti Faber (l.) en Sake Saakstra (foto: Bureau Schmidt)

Team FrySk wurket sûnt seis jier yn Ljouwert oan it oplieden fan reedriderstalint op sawol de langebaan as yn ’e maraton. Neist it helpen fan jonge hurdriders by de start fan harren karriêre hat Team FrySk ek de ambysje om op de nasjonale en ynternasjonale kampioenskippen oanwêzich te wêzen.

Jonge talinten opliede
Shanti: “De ambysje fan Team FrySk om jonge talinten op te lieden, past hiel goed by Bureau Schmidt. Wy liede ek alle jierren jonge talinten op ta profesjonals. Wy jouwe studinten of krekt ôfstudearre kollega’s graach in kâns om te learen en te groeien.”

Bureau Schmidt is in advysburo foar ynfra, mobiliteit, wetter en grien. It buro sette 7,5 jier lyn yn Fryslân útein as ienmanssaak. “Underwilens binne wy mei hast mear as fyftich entûsjaste yngenieurs en hawwe wy njonken ús haadfêstiging yn Ljouwert in kantoar yn Grins en yn Swol. Us groei hawwe wy mei te tankjen oan jonge talinten dy’t nei harren staazje of oplieding by ús trochwurkje wolle.”

Tiimpresintaasje
Takom wike op 4 septimber organisearret Team FrySk syn tiimdei as start fan it seizoen 2020-2021. By de tiimpresintaasje wurde de riders oan sponsoaren en parse foarsteld.

augustus 26, 2020 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.