Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 42

augustus 1, 2020 07:00

Bouwe de Boer: Besmetting mei blauwe firussen

Kollum

Lang lyn tocht ik dat blauwe sônen foaral sloegen op gebieten dêr’t in parkearskiif brûkt wurde moast. Letter die my bliken dat der ek oare blauwe sônen binne. It wie guon minsken opfallen dat der yn de wrâld gebieten binne dêr’t minsken folle âlder wurde as trochstrings: dy gebieten wurde ek blauwe sônen neamd. Hûndert jier wurde? Dat is dêr hiel gewoan. Yn Midden-Amearika, Japan, Grikelân, Italië en Kalifornië binne streken mei sokke blauwe sônen. It geheim fan de minsken dêr is och sa ienfâldich, bliek út ûndersyk. De kaai sit him yn dizze njoggen dominante skaaimerken: 1. mear bewege, 2. in doel hawwe, 3. oerdei in knipperke, 4. 20% minder ite, 5. fisk of beane ite, 6. alle dagen in glês (reade) wyn, 7. aktyf mei spiritualiteit, 8. in protte oandacht foar beminden en famylje, 9. ûnderdiel wêze fan sosjaal geunstige netwurken.

Bakkefean
Jonneke Brouwers, húsdokter yn Bakkefean, lies in pear jier lyn oer dy Blue Zones. Dat ynspirearre har om har wurk oer in oare boech te goaien. “Ik stoppe myn pasjinten faak fol mei medisinen, wylst ik wist dat de oarsaak far de kwaal wie dat se net sûn libben. Ik besleat om harren op wei te helpen nei in sûnere wize fan libjen oan ’e hân fan de njoggen prinsipen fan Blue Zones.”

Lêzingen
Nei in stikmannich lêzingen fan de húsdokter by sportferieningen en buertferieningen begûn it baltsje te rôljen. De belangstelling wie grut. Der ûntstiene groepkes minsken dy’t aktiviteiten organisearren as fytse, kuierje en sûn-ite-klups. Omdat ‘mjitte is witte’ it bewiis leverje moast, waard in struktureel mjitprogramma ûntwikkele foar hûndert dielnimmers. Om it healjier wurdt de groep metten op alderhande punten lykas gewicht, kondysje, bloeddruk, BMI-skoare, bûkomfang en noch in protte oare.

Probleem
It grutste probleem fan dokter Brouwers soe eins wêze dat se hieltyd minder pasjinten op har sprekoere sjocht, mar dizze dokter wurdt dêr bliid fan. En der sil in tiid komme dat it soarchsysteem har dêrfoar beleannet. Dat se dêrop wachtsje moat, deart har net. De kilo’s lichemsgewicht ferdwine yn Bakkefean en der wurdt mear fytst en yn de tún wurke. It wyndrinken wurdt dien by de filmfoarstelling dy’t ien kear yn ’e moanne yn it doarpshûs holden wurde. Bakkefean sjocht it doarp no as in grutte tún, en… der is sels in enerzjykoöperaasje oprjochte.

Utrôlje
Dokter Brouwers wurdt sa stadichoan in ferneamdenien. Se jout hieltyd mear ynterviews oan sjoernalisten út it hiele lân. Gelokkich jout se ek foarljochting oan de húsdokters yn Fryslân. Twa wike lyn wie ik by har op besite. Trije fan har doarpsgenoaten wiene ek by it petear en dokter Brouwers sei hast neat. Se liet de oaren it ferhaal fertelle, en dy wisten fan gjin ophâlden. Doe wist ik, dit sit goed. Se docht it foar it doarp en is alline mar de oanjager. Blue-zonewurdich en wiswier goed foar in optimale besmetting. Ik wie dêr op besite omdat ik diel útmeitsje mei fan it projekt Bloei-sône Fryslân, dat as doel hat om hiel Fryslân te besmetten mei it Blue-zonefirus. Mei sokke dokters as Jonneke Brouwers is dat besmetten gjin probleem. Fryslân is der klear foar. Dat firus is fan herten wolkom!

24 oktober is der wer in moeting. Ik mei ien fan de dielnimmers wêze. De útkomsten fan de groep? Dy wol ik diele mei myn eigen húsdokter. Wa wit besmet ik him/har!

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
augustus 1, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.