Boargemaster Kramer yt op tradisjonele wize de earste Wâldgieltsjes

augustus 10, 2020 08:34

De leafde fan de man giet troch de mage, moatte se by Ierappelgruthannel Greydanus en Streekmerk Wâldpyk tocht ha. Freedtemiddei hat de Feanster Wâldgieltsjeleveransier boargemaster Johannes Kramer yn Ie in board fan it ‘goud út De Wâlden’ foarset.

Foto: Greydanus

Yn ’e streekwinkel fan Wâldgieltsjeferbouwer Japik Wilman yn it Ald Molkfabryk makke kok Gerben Land in tradisjoneel resept fan dy ierappels klear. Op tradisjonele wize iet de boargemaster fan gemeente Noardeast-Fryslân mei de boer en syn feinten de earste Wâldgieltsjes fan it seizoen.

Dy kulinêre aksje wie it startskot foar it nije seizoen fan de Wâldgieltsjes. Dy iere ierappel is de moanne derfoar rispe op perselen om Kollumersweach hinne fan ferbouwer Japik Wilman. Sûnt freed lizze dy ierappels yn ferskate supermerken, spesjaalsaken en streekwinkels yn Fryslân. Yn wike 33, 34 en 35 folget noch in Wâldgieltsje-aksje yn ’e supermerken. By oankeap fan in minimaal tal Wâldgieltsjes krije konsuminten in Greydanus-traaptrekker kado.

Foto: Greydanus

Wâldgieltsjes út De Fryske Wâlden
Yn De Fryske Wâlden is it Wâldgieltsje in begryp. Dy ierappel is in lânras, dêr’t de âlden en it komôf yn feite ûnbekend fan binne. Der wurdt troch in protte minsken fan útgien dat it Wâldgieltsje of syn direkte foarâlders al om it jier 1700 hinne yn Fryslân oanwêzich wiene. Flechtlingen dy’t om harren leauwe ferfolge waarden út de Palts, de Elzas, Bourgondië, Dauphiné en Piemonte wiene de asylsikers út dy tiid en fûnen yn Nederlân in nij thús. Hja brochten nei alle gedachten ek de ierappel mei, hoewol’t dat net sa krekt dokumintearre waard.

Yn ’e rin fan de lêste fyftich jier hawwe nije rassen mei in gruttere opbringst de Wâldgieltsjes oant de râne fan de ôfgrûn weromkrongen. Partikuliere leafhawwers yn De Wâlden en it pionierswurk fan de famylje Wilman út Ingwierrum hawwe derfoar soarge dat it Wâldgieltsje net ferlern gien is.

Yn 2007 is Stichting Wrâldfrucht (Streekmerk Wâldpyk) mei Greydanus en Wilman oan in projekt begûn om it Wâldgieltsje (en ek de Wâldbeantjes en oare streekrassen) wer op ’e merk te bringen. Troch der in ekonomyske ympuls oan te jaan hawwe se wer nij libben yn dit ierappelras blaasd. No trettjin jier letter leit dy seizoensierappel alle jierren wer yn ’e winkels.

augustus 10, 2020 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.