Blauhús fiert doarpsfeest nettsjinsteande koroana op eigen wize

augustus 17, 2020 08:26

De 147e edysje fan de Blauhúster Merke, oftewol it doarpsfeest fan Blauhús, sil oars wurde as yn alle oare jierren. In tradisjoneel trije dagen duorjend feest mei in grutte feesttinte, muzyk, spul, Fryske hynders en genôch drank kin fanwege it koroanafirus net trochgean. In bittere pil foar de bewenners fan it altyd libbene Blauhús en omkriten. Nettsjinsteande dy tsjinslach hat de Blauhúster Merkekommisje net stilsitten en komt dy mei in ludyk alternatyf om de minsken fan jong oant âld dochs it Merkegefoel ûnderfine te litten.

Ofbylding: Blauhúster Merkekommisje

It doarpsfeest yn Blauhús wurdt altyd neffens deselde standert fierd: fan de tredde tongersdeis oant en mei sneons, dy’t nei de earste snein fan augustus falle. Dy sneon 22 augustus 2020 sil om 14.00 oere it iennige echt Blauhúster Monopoly presintearre wurde. In monopoly-eftich spul basearre op Blauhús en omkriten. In spul foar jong en âld dat Blauhús en omjouwing sa’t it yn 2020 is, skaaimerket. Troch de hjoeddeiske ferstedsking mei stjoerd troch gemeentlike en oerheidsbesluten krimpe de doarpen en sil it spul oer tsientallen jierren in grutte histoaryske wearde ha.

Oer it idee fan it Blauhúster Monopoly is de Merkekommisje earlik en jout dy de eare oan in learling fan de St. Gregoriusskoalle yn Blauhús. Groep 6 fan de basisskoalle krige yn koroanatiid in thúswurkopdracht om in spul te meitsjen. Ien learling betocht in soarte fan monopolyeftich strjittespul fan it doarp mei dêryn inkelde bysûndere plakken en foarsjoen fan eigenmakke kânskaarten en spyljild. De Merkekommisje naam dat prachtige idee oer en ûntwikkele it spul fierder.

Mei entûsjaste sponsoaren yn en om Blauhús waard it mooglik om it spul tsjin in betelbere priis út te bringen. Sponsoaren koene bygelyks in eigen kânskaart keapje en dy foarsjen fan in eigen tekst. Net allinnich bedriuwen diene mei, mar ferieningen út it doarp, lykas de fuotbal-, foljebal en karnavalsferiening.

De presintaasje en ferkeap fan it Blauhúster Merke Spul sil stipe wurde troch eftergrûnmuzyk en de útjefte fan in thúsfierpakket. Op dy wize kin elkenien yn eigen fermidden dochs in lyts feestje fiere en it Merkegefoel ûnderfine dat him skaaimerket troch muzyk, spul en snobberijen.

augustus 17, 2020 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.