Bakkefean en Fryske boeken

augustus 10, 2020 09:25

In ympresje

Ier en betiid fan bêd ôf om by it lemieren mei in wein fol guod nei Bakkefean ta. Foar it earst yn myn libben sels, net om te keapjen, mar foar de ferkeap fan alderhande guod, benammen Fryske boeken, op de rommelmerk dêre.

It hat fansels in foarskiednis, dy’t ik útlizze moat. In oantal wiken dêrfoar wie hjir by ús yn de stêd in man yn ’e âldens fan njoggentich jier stoarn. Syn soan hie in advertinsje op Facebook set, dat twahûndert Fryske boeken fergees ôfhelle wurde koene. Dat ik derhinne en de wein hast fol. No haw iksels al in soad Fryske boeken, dat it die bliken dat ik no in protte dûbeld hie en der wiene ek boeken by yn de stavering fan foar 1980, en dat is my te dreech.

Foar dauwe en dage nei Bakkefean. De sinne kaam op en der lei noch in laach fan damp oer it lânskip. Ik wie net de iennichste dy’t dy kant út gie. Dat waard my wol dúdlik doe’t ik it doarp ynkaam. De file wie lykwols net de muoite wurdich.

Al rap krige ik in eigen plak tawiisd. Moai, mei in soad romte njonken my en in breed paad tusken de kreammen oan de oare kant. De koroanarjochtlinen hiene dêr ek al fertuten dien.

Nei it útladen woe ik earst mar oan ’e kofje en efkes de boel besjen om it teplak te lizzen. Mar dêr wie hast gjin tiid foar, want der kamen al fuortendaliks minsken dy’t wat keapje woene. Gjin sinterske dinkjes, mar goed spul! Nei alle gedachten hannelers?

foto Matthijs Verkuijl

Dêrnei waard it rêstich en hie ik tiid om nei de kofje moai it ien en oar te oarderjen. Dingen, yn myn eagen spul fan kâlde fuotten, ferkochten eins it bêst lykas dvd’s, diggelguod, fazen, skuon ensafuorthinne.

Mar wêrom kaam ik dêr eins? Just, om Fryske boeken te ferkeapjen! Mar dat foel tige ôf. Ik wit wol dat de jongelju hast net mear lêze, mar de âlderen dochs wol? Ik hie wol troch dat de minsken fan wech ende wear kamen, út Grinslân, Drinte en sels Dútslân en fansels ek út ús eigen provinsje. Mar om no hieltyd te hearren: o dat binne Fryske boeken, en dat mei in soarte fan ôfgriis, dat hie ik net ferwachte.

Mar úteinlik ferkocht ik dochs wat boeken, bygelyks fan bekende skriuwers en der wie in frou dy’t wol trije boeken tagelyk kocht foar har mem yn it âldereintehûs. Wat in skat! Sa stadichoan rûn it wat, en ek mei fotoboeken oer parten fan Fryslân en boeken oer de skiednis.

In bysûndere ûnderfining foar mysels dy moarn. No haw ik wol troch dat it gjin echte boekemerk wie en dat ik de latte net te heech lizze moat. Eins fûn ik it wol in feestje dat in ferfolch krije moat. Moai dat it wer kin en mei.

Hooplik komme der ek wer echte boekemerken mei klanten dy’t ek lêze en skriuwe kinne yn harren memmetaal.

Matthijs Verkuijl

augustus 10, 2020 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.