As it om ’e bern giet

augustus 16, 2020 07:00

Oertinking by Matthéus 15: 21-28 (by de evangeeljelêzing fan dizze snein*)

© Grupos de Jesus

Jezus is yn dit ferhaal by frjemd. Om Him hinne wennet it folk fan Tyrus en Sidon; dat binne gjin Joaden. Hja kinne foar dizze Joadske rabby net op harren rjochten stean. Mar like goed as yn Galiléa en Judéa is it leed fan dizze net-Joaden in frjemde trekpleister foar de Man fan Nazaret. Dit frommeske komt op Him ta sa’t Joaden en Joadinnen dat plichten te dwaan. Hy is foar har in lêste kâns.

Har famke hat it slim mei de holle; baat hat se nearne fûn; en no komt dêr ‘tafallich’ de master út Galiléa. As Jezus in hurd wurd seit, nammentlik dat Hy gjin oar boadskip hat as oan it Joadske folk, lit se har dêr net roch fansiden skowe. Har bern hat se wol foar oer om troch de modder te krûpen. Hja lit it har sizze dat se by de ‘hûnen’, de net-Joaden heart; mar hja brûkt dat wurd om dêrmei Jezus syn hert oan te sprekken. Hûntsjes krije dochs ek kromkes dy’t der fan ’e tafel oerbliuwe? Dêr kin Jezus net tsjin. Ien dy’t sa lyts wêze wol en dy’t sa folhâldt, dy kin Er net stean litte. It famke wurdt wer sûn. It leauwe fan dizze frou hat soks dien. Leauwe, dat is hjir foar it bern oer hawwe om troch de modder krûpe te moatten en as in bidler mei lege hannen dêr te stean. Soks is Leauwe!

ds. Pieter Miedema

Oernommen út Us dagen binne yn Syn hannen, De Tille 1977

* neffens it Mienskiplik Sneinsroaster

augustus 16, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.