Anita Terpstra is firtueel ‘Writer in Residence’

augustus 23, 2020 08:51

It Britske ‘Noirwich Crime Writing Festival’ hat út twa ferskillende UNESCO Cities of Literature Anita Terpstra út Ljouwert en Paddy Richardson út Dunedin, Nij-Seelân beneamd as ‘Virtual Writers in Residence’ foar de kommende (online) edysje. Stipe troch festivalorganisatoaren fan it National Centre for Writing en de Universiteit fan East Anglia, sille se nij wurk skriuwe en kontakten ûnderhâlde tusken Norwich, de earste UNESCO-literatuerstêd fan Ingelân, en harren thússtêd.

Anita Terpstra (foto: Harry Cock)

Anita Terpstra’s debútthriller Nachtvlucht (2009) waard nominearre foar de Schaduwprijs en de Crimezone Thriller Award. Samen (2016) wie nominearre foar de Gouden Strop. Har boeken binne oerset yn it Dútsk en it Frânsk. Paddy Richardson is skriuwer fan twa ferhalebondels en sân romans. Through the Lonesome Dark stie op de shortlist foar de New Zealand Historical Novel Award en op de longlist foar The Dublin International Literature Award.

Terpstra: “Ik fiel my grutsk dat ik selektearre bin foar de firtuele residinsje fan Noirwich Crime Writing Festival. It is spitich dat wy yn Nederlân gjin literêre festivals hawwe dy’t it misdiedsjenre sintraal stelle. Norwich mei der grutsk op wêze dat se dat wol ha! Faaks kin de stêd Ljouwert, dy’t no ek in UNESCO literatuerstêd is, yn de takomst sa’n festival organisearje. Ik hoopje dat Ljouwert troch myn residinsje ‘op de thrillerkaart’ set wurdt en ik sjoch der nei út om myn teksten te dielen mei de (firtuele) besikers fan it festival.

Noirwich Crime Writing Festival 2020 wurdt yn in online foarm holden fan 10 oant 13 septimber 2020. It programma bestiet út live Q&A’s, ynteraktive workshops kreatyf skriuwen, in firtuele lêsgroep en diskusjepanels. As ‘Virtual Writers in Residence’ ferskine Terpstra en Richardson yn it festivalwykein op The Writing Life Podcast en ha se de opdracht krigen om twa nije teksten te skriuwen.

augustus 23, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.