Alve fan koroana trochpripte myten

augustus 3, 2020 10:10

Skôging troch Nanne Hoekstra

It koaroanafirus pript net allinnich yn de sellen fan ús longblaaskes om, mar hat likegoed aardich wat myten trochpript. Ik kaam ynearsten op in alvetal:

  1. Wy mienden al dat we safierhinne wiene dat we de natuer wol nei ús hân sette kinne en dat wý dizze wrâld tenei regearje. Mar dy natuer slacht no ûngenedich werom. Iroanysk genôch nei alle gedachten fia in tige bedrige skobbist. En in flearmûs. Dy beide hiene inoar yn ‘e natuer nea moete, mar se troffen inoar doe’t hja ûnder bistûntearjende omstannichheden op in Sineeske merk byinoar opsletten sieten. It skobbist skipe fan de flearmûs in firus dat er yn syn lichem omarbeide ta in ûnk dat no it hiele minskdom tamtearret.
  2. It docht bliken dat wy hielendal net yn in neoliberale maatskippij libje, want dan hiene we ús der ommers net sa drok om makke dat it firus ôfweeft mei wat âlden fan dagen, swakkelingen en krupsjelijers. Sokken kostje neffens konsekwint neoliberaal tinken allinnich mar jild – dus dat rommet moai op – wylst de stjerte ûnder it produktive part fan de befolking tige beheind is. Mar krektoarsom sparje wy kosten noch muoite om safolle mooglik minsken te rêden. En om de ekonomyske gefolgen dêrfan wer op te heinen, stypje we minsken en bedriuwen mei grutte slompen jild.
  3. Doe’t we der in skoft yn opsletten wiene, die bliken dat ús lân alhiel net saai is en folle moaier as dat wy tochten. Sels ús eigen omkriten wurdearje we op ‘en nij. Wat in rykdom, ús griemmank fan feangreiden, marren, waad, eilannen, dunen, rivierdelta’s, polders, histoaryske stêden en pittoreske doarpkes, ensfh.; net te ferjitten allegearre ûntsletten mei goed ûnderholden fytspaden.
  4. Wy sitte folle minder fêstbakt oan ús bewende deistige stramyn as dat wy mienden. Ynienen kinne we mei help fan fernimstige kompjûterferbinings thúswurkje. Dus allegearre om deselde tiid nei de baas is tenei net mear nedich. Files soene der dêrom net mear wêze hoege en meidat we sa in protte luchtfersmoarging foarkomme, hoecht stikstof sparje foar it oanlizzen fan nije diken al hielendal net mear. Mar wêrom binne de plannen dêrfoar dan noch net skrast?
  5. De Europeeske supersteat dy’t o sa eange waard, bestiet hielendal net. As de kniper op ’e skine komt, blykt elts Europeesk lân noch krekt sa maklik de grinzen te sluten as eartiids. En Europeeske harmonisaasje fan regels is yn de koroanakrisis fier te sykjen. Alhoewol’t it yn de Europeeske Uny noch aardich better betearde as yn de Feriene Steaten, dy’t net sa botte feriene blike te wêzen. Dêr waarden prizen foar medyske helpmiddels net allinnich opdreaun trochdat steaten tsjininoar opbeaen, it federale bewâld konkurrearre ek nochris mei. Mar wylst ús regear de sinten yn eigen lân as stjalprein út de himel falle lit, fergunne we dat oare Europeanen yn ús saneamde uny.
  6. Populisme is dochs gjin garânsje foar populariteit. Gjin niget, as der folle gruttere gefaren blike te wêzen as in espeltsje nijynkommelingen en in sabeare Europeesk meunster en de populisten dêr mei oan binne. Te uzes âlen dyen ynearsten dat der net genôch trochpakt waard en letter just wer dat de maatregels fierstente stûf wiene. Underwilens strampelje populistyske presidinten oare kant de oseaan as bline sombys troch de krisis en jeie se harren kiezers de dea yn mei wifelriedigens, ôfwaaid praat en sels libbensgefaarlike advizen op it mêd fan medisyngebrûk.

    De oardel-meter-ekonomy soene we sa gau mooglik ferfange moatte troch in oardel-graad-maatskippij, dêr’t we de opwaarming fan de ierde krekt genôch mei beheine om grutte rampen foar te kommen. Foto: Henk Veldstra.

  7. As der gefaar wankt, kinne we de ekonomy dus ál yngeand omgoaie. No hawwe we dy sawier hookstrooks foar in part platlein, sûnder dat we noch witte hoe’t we soks ea weromfertsjinje moatte. Tritich jier lang like soks ûnmooglik yn de striid tsjin de klimaatferoaring. Wylst dat in folle eksistinsjelere driging is dy’t we just mei deugdlike ynvestearrings en akseptabele weromfertsjintiden treast wêze kinne. Alteast, koene, want it is hast te let en yn in folslein ûnderstrûpt lân falt aanst fansels net folle mear werom te fertsjinjen. Dan kinne we oars net mear as hoopje dat de oare Europeanen skielk wat aardiger foar ús wêze sille as dat wy no foar harren binne. Mar it hie dus al lang kinnen, trochpakke mei ekonomyske herfoarmingen, om it klimaat te rêden. En no’t we alle seilen bysette om ús âlderein en ús paken en beppen noch in pear jier by ús hâlde te kinnen, is der gjin ekskús mear om bern en bernsbern net te hoedzjen foar it op ‘e kletter slaan fan it klimaat, dêr’t dy harren hiele libben noch yn ferkeare moatte.
  8. Ut it redendielen oer Europeesk jild lêstendeis om benammen Súd-Europa yn de koroanakrisis te stypjen, docht ek bliken dat Nederlân hielendal gjin Calimero is, mar as sterke ekonomy yn Europa wól wat yn ’e molke te krommeljen hat; en dêrmei yn de wrâld. As in lân mei in befolking dy’t foar in grut part ûnder seenivo húsmannet en sadwaande oan de frontliny leit wat de effekten fan de oanboazjende klimaatferoaring oanbelanget, hiene we dus de lêste desenniums wrâldwiid folle mear beskreppe kinnen, yn stee fan dat wysels yn Europa omtrint hikkesluter bliuwe as it om duorsumens te rêden is. En mar beare dat we net it braafste jonkje fan de klasse wêze wolle. Wylst we yn werklikheid omtrint de smoarchste keardel fan Europa binne.
  9. It RIVM is dus gjin malafide klup dy’t boeren it libben soer meitsje wol mar ús rots yn ‘e brâning, dy’t ús rjochtlinen jout foar ús libben yn tiden fan koroana, dêr’t elts himsels respektearjend bedriuw op it stuit mei bylket. En de stikstofberekkenings fan it miljeuynstitút doogden wol, oars as guon boere-organisaasjes útholden. Dyen moasten tajaan dat sysels just flaters makke hiene, doe’t se de boel neirekkenen. It trof foar harren moai dat soks yn it begjin fan de koroanakrisis oan it ljocht kaam, sadat de measte minsken it middenmank it koroananijs faaks net meikrige hawwe. Sadwaande wiene der net iens safolle fronsele wynbrauwen doe’t de boeren okkerdeis likegoed wer nei it RIVM teagen.
  10. Wittenskiplike ûnwissigens blykt ynienen gjin reden te wêzen om neat te dwaan. Alteast, it regear giet alhiel te seil op de wittenskip om de koroanagoarre treast te wêzen, sa werhelle premier Rutte algeduerigen op parsekonferinsjes. Spitigernôch taast dy wittenskip foar in grut part noch yn it tsjuster oer it hâlden en dragen fan it firus. Yn alle gefallen is wittenskiplike ûnwissigens dus gjin ekskús mear om de enerzjytransysje tsjin te akseljen. Al hielendal net om’t klimatologen in ôfgrysliken soad mear oer it klimaat witte as firologen oer koroana. Mar wêrom wurdt der dan no bygelyks wer sa’n knoarre jild útlutsen foar it rêden fan de KLM? It belang derfan foar ús ekonomy kin net dúdlik oantoand wurde. Wylst it sa klear as in klok is dat it firus de loftfeart as fehikel brûkt hat om yn in omsjoch de wrâld oer te giseljen. Dus wat is de ûnderbouwing foar de grouwélige stipe dy’t dy klimaatfergriemer no wer kriget? Hûndert jier is de KLM wurden. In moaie leeftyd, net? Tiid foar ris wat oars, tinkt my. Wêrom gjin fúzje mei NS International en busreismaatskippijen? It is de minsken net om it fleanen te rêden, se wolle earne hinne. Sa’n nij bedriuw soe dan foar alle reizen de duorsumste ferfiermiddels sykje kinne. Yn bredere sin soe it wol hiel stom wêze om de foar in grut part ynstoarte ekonomy net neffens de hjoeddeiske easken fan duorsumheid op ‘e nij op te bouwen. Krekt as jo in ferrinnewearre klinte net in bytsje opskroarje soene mar ombouwe ta in moaie nije wente.
  11. Sieten we dan dochs net yn it IK-tiidrek? Of ha we dat mei de koroana benefterlitten? Fanneed opsletten âlde minsken krigen ommers ynienen kweajonges oan de doar dy’t foar harren itensiede woene en hja waarden skille troch frijwilligers foar in praatsje tsjin de iensumens en de buorlju hiene ynienen tiid om foar harren te boadskipjen. En we holden ús sawier in hoartsje oan de nije maksimumfaasje yn it ferkear fan 100 km yn ‘e oere. En bedriuwen joegen kado’s oan soarchmeiwurkers. Mar hâlde we soks allegearre fol? Is dat hâlden en dragen miskien al wer yn it neigean rekke, no’t we wat wend binne oan de oanwêzigens fan it firus? Súlkje we faaks earslings dat IK-tiidrek wer yn? Of hat it firus ús werklik wekker skrille?
augustus 3, 2020 10:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.