Ald-RIVM-direkteur is foar lanlike mûledoekjesplicht
Resint ferskynd
It koroanabelied fan it Nederlânske regear is te frijbliuwend en ynkonsekwint. Dat seit Roel Coutinho, mikrobiolooch en âld-direkteur fan it Sintrum Ynfeksjesyktebestriding fan it RIVM, oer de Nederlânske respons op de firusútbraak.
Hy is fan betinken dat premier Mark Rutte it probleem goed sketst, mar ek dat er de ferantwurdlikens te folle by de befolking leit. Coutinho pleitet der just foar dat de oerheid in noarm stelt. Dat sei er freedtejûn yn it programma Nieuwsuur.
Hy is foar in lanlike mûledoekjesplicht yn winkels, restaurants en by kontaktberoppen. De mikrobiolooch seit ek dat de no frijbliuwende test foar minsken dy’t út risikogebieten Nederlân ynreizgje, ferplichte wurde moatte soe. It byhâlden fan gegevens fan hoarekagasten soe neffens him ek ferplichte wurde moatte.
Boargemasters hawwe no fan it kabinet de mooglikheid krigen om op beskate drokke plakken mûlekapkes yn te setten. Op it stuit binne mûlekapkes ferplichte yn beskate winkelstrjitten en op merken yn Rotterdam en Amsterdam. Coutinho seit dat sokke regels dûbelsinnich en betiizjend binne foar minsken. Dy sjogge ek dat yn it bûtenlân op folle mear plakken mûledoekjes ferplichte binne. Op fakânsje yn Italië en Frankryk moat it wol en thús hoecht it net mear. Coutinho seit dat Nederlân net tinke moat dat it dêr in oar stânpunt oer ynnimme kin.
Premier Rutte sei tongersdeitejûn noch yn ’e parsekonferinsje dat mûlekapkes hast gjin effekt hawwe. It RIVM sjocht ek gjin bewiis om mûlekapkes ferplichte te stellen. Neffens Coutinho is it RIVM altyd op syk nei ûnwjerlisber bewiis dat keazen wurdt foar beskate maatregels, mar yn in pandemy moat op it saneamde foarsoarchprinsipe hannele wurde, net op bewiis.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje