Aant Mulder: Ungetiderswaar

augustus 18, 2020 07:19

Kollum

It kostet my wat muoite om efter de kompjûter te krûpen, mar as ik in kollum skriuwe wol, moat it no al wêze. It is eins te waarm, fierstente waarm. Sok waar binne we net wend en al hielendal net yn augustus. In wike lang stiet de termometer al op 30 graden of heger. Dat is in rekôr. It binne tropyske dagen, in tropyske wike. Wy moatte werom oan 1975 en 1976 ta foar ferlykbere temperatueren. In wike mei sok waar hat fan gefolgen dat de nachten ek hieltyd waarmer wurde. Wy sitte sa stadichoan om de 20 graden hinne. Hawar de ein is yn sicht. Dat binne myn prakkesaasjes op woansdei 12 augustus. As jimme dizze kollum hearre of lêze sil it waar grif in stik gewoaner wêze.

Wat wier is moat sein wurde, ik hie der lêst fan en ik wie grif net de iennige. Benammen de nachten wiene hast net troch te kommen. Ik ha yn dy nachten suver alle keamers fan ús hûs ferkend. Hie ’k in tinte hân, dan hie ’k dy opset en dêryn slept. Ik ha dat allegearre net slim fûn. Ik ha de tiid oan mysels, mar ik ha wol efkes tocht oan de minsken dy’t wurkje moasten en dat benammen thús dwaan moasten. Dat foel grif net ta. Aldergelokst wiene de skoallen noch ticht.

Eigen argyf

Ik ha begrepen dat sa’n perioade as dizze der sûnt 1901 net west hat. Fan earder tiden witte we te min om’t doe it waar noch net systematysk byholden waard. Dy ynformaasje die my tinken oan earder tiden. It sil wier wêze, mar foar myn gefoel ha der tiden west dat it waarmer wie as no. Ik tink wat dat oanbelanget werom oan de tiden dat ik noch thús wenne en yn de ûngetiid holp, thús likegoed as by oaren, om in pear bûssinten te fertsjinjen. Ik ha ûngetiden yn it ûnthâld dat it foar myn gefoel waarmer wie as no. It sil ferbylding wêze. De omstannichheden wiene ek net te ferlykjen. No sykje ik it skaad op. Doe stie ik yn ‘e gleie sinne te swyljen dat it wat die.

Ungetiidzje, wy witte no hast net mear wat dat is, mar it wie doedestiden swier hânwurk, benammen thús op ús komelkersspultsje. De harke en de foarke wiene it ark dêr’t it wurk mei dien wurde moast. It meande gers dat lein hie te drûgjen moast keard wurde en wer letter ta wurdzen swile wurde. Ik sjoch ús noch yn de rige stean. It jongste bruorke as earste, want dy hie dan it minste hea foar de harke. Wa’t as tredde en faak tagelyk as lêste yn ’e rige stie, hie in drege put te dwaan. Fan de wurdzen waarden opers makke en dy waarden dan nei de wâlkant ta sjoud. Dat moast wol, want we diene thús alles mei skou en pream. Foarkjendewei waard de pream mei hea loege.

De harke en de foarke wiene it ark dêr’t it wurk mei dien wurde moast.

Dat wie al in dreech karwei, mar noch neat ferlike mei wat der thús barre moast. De pream waard leech stutsen, it hea mei de foarke nei de skuorre ta sleept om it dêre yn ’e golle te bergjen. Yn it begjin mei in lege skuorre wie dat samar klear. Romte genôch! As de gollen lykwols wat foller rekken, moast der opstutsen wurde. Dan stie der immen yn it fal om dat hea oan te krijen om it dêr in plak te jaan. Dat wie helte lestiger. Letter kaam der in twadde fal om it hea noch heger yn ’e skuorre kwyt te kinnen. Wat heger it hea kaam, wat lytser de romte waard. Dat wie dus it plak foar ús as opslûpen jonges. Dreech wurk.

Dat barde jûns en it waard faak let. As de pream leech wie en it hea teplak, wiene we net allinne smoarch en ûngedien, mar benammen wiet fan swit. De dei waard dan ôfsletten mei in dûk yn de Snitser Aldfeart. Dat moast wol, want in oare mooglikheid wie der net. In dûs hiene we net. By oare boeren helpe, dat wie krekt wat nofliker dwaan as thús. Dy boeren brûkten hynder en wein en dat betsjutte dat net alles mear mei harke en foarke dien hoegde te wurden. It swyljen wie mear neiswyljen mei folle minder hea foar de harke. Wurdzen waarden mei in swylmasine byinoar swile. Fan dy wurdzen waarden reakken makke, dy’t stik foar stik troch hynders byinoar lutsen waarden. Dy reakken waarden op in soarte fan sleepwein lutsen en ien foar ien nei de skuorre ta riden. Dêr waard de reak nei boppen ta hyst en op it goede plak loskeppele.

Eigen argyf

Doe wie it waarm. Ik begryp no wol dat dat benammen te krijen hie mei it wurk dat dien wurde moast, mar dochs. Ik bin dy kear dat ik reakken opmakke en suver út ’e tiid rekke nea wer fergetten. It sil te krijen hân ha mei de ynspanningen, de waarmte, de sinne, mar dochs kaam it my oer. Der waard doe sels roppen dat ik in sinnestek ha soe. Likegoed waard der net lang by stilstien. It wurk moast dien. Dus avesearje en trochsette. It koe de oare deis ommers samar reine.

De ûngetiid, yn guon streken haaiïng neamd, wie ornaris earder as yn augustus. Dat fan gers hea makke waard, dat is suver fan in oare tiid. Dat betsjut tagelyk dat de taal wat dat oanbelanget yn it ferjittersboekje rekket. Wa neamt de sinne no noch de grutte ûngetider. Dat doch ik net iens! In ûngetiderskop, dat wurdt noch wolris sein. Dat betsjut ien kear ynjitte yn in grutte kop sadat de kofje of tee gau ôfkuollet. In ûngetidersmiel betsjut deeglike kost. In ûngetiderspsalm is fansels in koarte psalm, dy’t keazen waard om’t der foar it deistige bibellêzen net folle tiid wie… Der is ek noch wol in siswize: Yn desimber binne de winkellju yn ’e ûngetiid. Dan moatte se ynventarisearje. Mei haaiïng: oan ‘e ferkearde reak haaie (in ferkearde set dwaan).

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 15 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
augustus 18, 2020 07:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.